Testfabryk moat bêste metoade opsmite foar oanpak medisynresten yn Waadsee

In nij fabryk moat derfoar soargje dat der alle dagen minder resten fan medisinen yn de Waadsee telâne komme. By Garmerwolde yn Grinslân komt dêrom in testfabryk, en mooglik letter ek yn Harns en by de Waadeilannen.
Pillen © Shutterstock.com
Resten fan medisinen kinne grutte skea oan it ekologysk systeem feroarsaakje. As it fabryk in sukses is, wol it Waadfûns de technyk by mear havens oan de Waadkust tapasse. It suvere wetter moat ek geskikt wêze as proseswetter foar bedriuwen. Sa hoege dy gjin kraanwetter te brûken.
"Als wij afvalwater zuiveren, dat uit het riool komt, kunnen we dat heel schoon maken. Maar medicijnresten krijgen we er nog niet uit. En dat is best wel veel", seit Herman Beerda fan it wetterskip Noorderzijlvest yn Grinslân, dêr't Garmerwolde ûnder falt.

Net biologysk ôfbrekber

Yn it testfabryk wurdt ûndersocht wat de bêste metoade is om medisynresten út it wetter te krijen. Dat is net maklik, want der is in grut ferskaat oan medisinen en se kinne net biologysk ôfbrutsen wurde, seit Beerda. "Het meeste slib dat wij verwerken, wordt afgebroken door bacteriën. Die vreten de rommel op, maar die medicijnresten lusten ze niet. Dus die blijven erin zitten."
Er zijn vissen gevonden, die geslachtsloos zijn geworden doordat er zoveel restanten van de pil in het water komen.
Herman Beerda, bestjoerder by wetterskip Noorderzijlvest yn Grinslân
It is in wrâldwiid probleem. Allinnich al yn Garmerwolde giet it alle dagen om 7 kilo medisynresten, dy't fia it Eemskanaal yn de Waadsee telâne komme. Lanlik giet it neffens Beerda om tsientûzenen kilo's. Dêrtroch wurdt it libben yn it oerflaktewetter bedrige. "Er zijn bijvoorbeeld al vissen gevonden, die geslachtsloos zijn geworden door het feit dat er zoveel restanten van de pil in het water komen."

Troch de wc

Der binne minsken dy't medisynresten troch de goatstien of it toilet spiele, yn stee fan se by de apoteek yn te leverjen. Beerda: "Maar het belangrijkste deel komt toch gewoon via de ontlasting en de urine, want wat je inneemt, moet er ook weer uit."
Foar it testfabryk is 3,5 miljoen euro nedich. It projekt duorret trije jier en sil dus mooglik útwreide wurde nei oare plakken. De ferwachting is dat it testfabryk yn Garmerwolde takom jier draaie sil.
Herman Beerda