Gerrit Bennerpriis giet nei fûgelfantast en byldzjend keunstner O.C. Hooymeijer

O.C. Hooymeijer fan Spangea krijt dit jier de Gerrit Bennerpriis foar byldzjende keunst. Dizze Fryske priis wurdt eltse twa jier útrikt oan in keunstner by wa't in ûntwikkeling yn it wurk bepalend west hat foar de keunst yn Fryslân.
O.C. Hooymeijer wint Gerrit Bennerpriis:
"Of het nou zo goed is voor Friesland weet ik niet, maar de jury heeft beslist dat dit wel zo is", seit Hooymeijer. "Ik vind dat heel erg leuk. Ik had het verwacht, want ik was al een tijdje genomineerd. Maar ik vond het wel fijn: ik ben er heel erg blij mee."

Werklikheid en fantasy

O.C. Hooymeijer, foar bekenden Onno, waard yn 1968 berne yn Vlaardingen en studearre oan de Academie voor Beeldende Kunsten yn Rotterdam. Hy makket skilderijen en tekeningen, mar is ek bekend fan syn fûgelprojekten. Dêryn rinne werklikheid en fantasy trochinoar.

Net-besteande fûgels

De keunstner betocht net-besteande fûgels lykas de 'blindkuif,' de 'Duitse reiger' en de 'visgluiper.' Hooymeijer kin der goed oer fertelle en skreau de Kleine Gids voor de niet-bestaande Vogels van Europa. Dit boek wûn al ferskate prizen lykas de Jan Wolkers Prijs en de priis foar it moaiste Nederlânske natuerboek.
Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn petear mei O.C. Hooymeijer
It nijste betinksel fan Hooymeijer is de 'steenknieler'. "Omdat vliegveld Lelystad al zo lang niet in gebruik is, heeft die vogel zich daar gevestigd. Het is een bijzondere vogel. Ik hoop dat het vliegveld niet doorgaat, omdat de steenknieler op de start- en landingsbaan nestelt."

Gerrit Bennerpriis

De Gerrit Bennerpriis foar byldzjende keunst bestiet sûnt 2003 en wurdt útrikt troch Provinsjale Steaten. De stichting Keunstwurk organisearret de priisútrikking. De priis is neamd nei Gerrit Benner (1897-1981), in wichtige Fryske lânskipsskilder.
Byldzjend keunstner O.C. Hooymeijer fan Spangea © Omrop Fryslân
De winner krijt 4.000 euro, in oarkonde en in tentoanstelling yn it Fries Museum yn Ljouwert. "En een zoen van Sietske Poepjes, dat is natuurlijk ook wat waard."
Der komt woansdei in konservator fan it Fries Museum del by Hooymeijer. "Hoe we het gaan invullen weet ik niet. Maar ik hoop dat we een tentoonstelling kunnen maken die laat zien hoe het in mijn hoofd gaat. Ik hoop dat we de veelheid aan gedachtes en de uitvoering daarvan kunnen laten zien."