Kolleezje wol it oantal twadde wenten yn Grou oanpakke

05 okt 2021 - 22:09

It kolleezje fan Ljouwert wol it tal huzen yn Grou dat as twadde wente brûkt wurdt oanpakke. It binne sa'n lytse 30 wenten dy't as twadde hûs brûkt wurde, mar krekt dy binne wol klustere yn it âlde doarpssintrum.

Grou fan it wetter ôf - Foto: Shutterstock.com (INTREEGUE Photography)

It giet mar om sa'n ien persint fan it totaal oantal huzen yn Grou, mar om't de twadde wenten benammen yn it sintrum lizze, hat it wol gefolgen foar de leefberens fan de âlde doarpskearn.

Leefberens en krapte

It kolleezje hat nei oanlieding fan fragen fan it CDA yn augustus ûndersyk dwaan litten. It docht bliken dat der krapte is op de wenningmerk yn Grou en dat it 'twadde wentebesit' heger is as winske troch de gemeente.

It hanthavenjen is dreech, om't faak de eigener wol netsjes ynskreaun is op it adres, mar yn de praktyk bliken docht dat de huzen mar in part fan it jier bewenne wurde.

Boargemaster en wethâlders sizze ta noch dit jier te kommen mei in brief om de diskusje te fieren oer it ynsetten fan in saneamde 'folkshûsfêstingsferoardening' om it probleem oan te pakken.

Trefwurden: 
Grou kolleezje twadde wenten
(Advertinsje)
(Advertinsje)