Harns hâldt nachts de wacht by de Suderpier: walrus werom yn haven

05 okt 2021 - 21:28

De walrus dy't twa wiken lyn by sânplaat Simenssân ûntdutsen waard en sûnt dy tiid yn it Waadgebiet swimt, is werom yn de haven fan Harns. Tiisdei waard it froutsje oantroffen op de Suderpier.

Foto: CAMJO media

"Sy is werom. It is hiel bysûnder, mar spitigernôch is sy der wer", seit Hidzer de Ruiter fan de diere-ambulânse. Sûnt freed wie de walrus wer fuort, nei't sy in skoftke yn Harns lein hie. "Eins heart sy hjir net te wêzen. Sy siket it plakje, mar nei alle gedachten hat sy in ferkearde ôfslach naam."

Foto: CAMJO media

Der giene al wylde ferhalen dat it net goed mei de walrus gean soe, mar dat blykt net sa te wêzen. "Op it earste each is sy noch wol goed. Der giene ferhalen dat de walrus ferwûne wie oan de finnen. Mar it gie om oerflakkige wûntsjes. De bistedokter fan seehûnesintrum Pieterburen hat der nei sjoen. Woansdei sil Pieterburen eventueel wer in bistedokter dizze kant op stjoere."

De wacht hâlde

Oant dy tiid wurdt de wacht hâlden oer de pier. "Wy bliuwe hjir de hiele nacht sitten om de minsken fan de pier te hâlden. De pier is ôfset om it bist safolle mooglik rêst te jaan. Wy begjinne wer fan foar ôf oan."

Ferslachjouwer Simone Scheffer mei Hidzer de Ruiter fan de diere-ambulânse

(Advertinsje)
(Advertinsje)