"Wy binne ûnder druk set troch it KNSB: wy woene Thialf net ferlieze"

Druk fan it KNSB spile in grutte rol yn de beslútfoarming oer Thialf yn 2013. Dat seit CDA-Steatelid Johan Tjalsma yn reaksje op it rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer. Dêryn wurdt steld dat der yn 2013 tefolle op emoasje en te min op ekonomyske feiten besletten is oer de stipe foar Thialf.
CDA-Steatelid Johan Tjalsma:
De Noardlike Rekkenkeamer stelt dat der mear ûndersyk dien wurde moatten hie troch Provinsjale Steaten. Tjalsma is it dêrmei iens, mar seit dat de situaasje doe wol wie dat eltsenien dwaande wie om Thialf te behâlden.
Tjalsma: "Wy hiene doe dúdlik in wedstriid mei Zoetermeer en Almere. Dy woene wy winne. Ik tink dat hiel Fryslân woe dat wy Thialf behâlde soene as iisikoan."
Wy binne wol ûnder druk set troch it KNSB om in beslút te nimmen, om't oars in oar de topsportfasiliteit winne soe. Wy woene Thialf net ferlieze.
CDA-Steatelid Johan Tjalsma
De polityk fielde dêr druk troch. Tjalsma: "Wy sieten wol ûnder tiidsdruk fan it reedrydbûn KNSB mei dy wedstriid. Miskien hiene wy mear tiid keapje moatten foar eksterne saakkundigens, dat is grif in punt. Mar wy binne wol ûnder druk set troch it KNSB om in beslút te nimmen, om't oars in oar de topsportfasiliteit winne soe. Wy woene Thialf net ferlieze."
Boppedat wiene der de Nuon-jilden, it jild dat frijkaam troch it ferkeapjen fan it enerzjybedriuw yn 2009. Dat jild moast útjûn wurde. "Wy hiene doe finansjele druk út Den Haag, der wie jild om wurkje te litten foar Fryslân. Fryslân krige 300 miljoen, wy tochten: 50 miljoen foar Thialf. It CDA hie der in soad ambysje yn om Thialf oerein te hâlden", seit Tjalsma.

Wol praat oer eksploitaasjetekoart: mar net yn it iepenbier

Dochs is der efter de skerms wolris neitoch oer de mooglikheid fan in eksploitaasjetekoart. "Ik haw it dêr mei kollega's yn Provinsjale Steaten oer hân. Miskien wol te min yn it iepenbiere debat. Wy seine: it tekoart kin noch wolris in miljoen it jier wêze. As ik it dan no sjoch, dan falt it bedrach miskien noch wol ta."

Tenei better ûndersyk nedich

Steateleden fan doe en no fine dat de Rekkenkeamer gelyk hat dat by ditsoarte projekten yn de takomst better ûndersyk en ekspertize fan bûtenôf helle wurde moat.
"Ik tink dat sy efterôf wol gelyk hawwe, mar wy hiene doe wol in business case dy't slutend wie", sa seit Tjalsma. "Mei de kennis fan no hienen wy mear gokt dat de merk byspringe soe, ek yn it sponsorjen. Dat is noch net slagge."
Deputearre Friso Douwstra:
De nije deputearre Friso Douwstra hat it Thialf-dossier oernaam fan Sander de Rouwe. Douwstra snapt de situaasje fan doe wol. Der wie de emoasje dat it KNSB miskien kieze soe foar in iisbaan yn Almere of Zoetermeer. De ferantwurdlik deputearre fan doe (Hans Konst) en ek de Steaten fielden dy druk.
Douwstra fynt wol dat der fan leard wurde moat. "As je wer in grut projekt hawwe lyk as dit, moatte je witte hoe't je der mei omgeane."

"It Ryk moat ta de bûse"

Oer it finansierjen fan Thialf is hy dúdlik. dy moat fan de ferskate oerheden komme. It Ryk hat dêr ek in ferantwurdlikens, fynt hy. "Der binne mear oerheden: de provinsje, mar ek de gemeente en it Ryk. It Ryk seit ek altyd dat Thialf wichtich is, mar dan moatte sy dêr ek oan bydrage."
En as it Ryk gjin bydrage leverje wol oan Thialf? "Dat sjogge wy dan wol wer", seit Douwstra.
Sjoch hjir nei de folsleine reportaazje: