Dokters witte net wat se moatte as coronaklachten bliuwe

Spesjalisten, húsdokters en bedriuwsartsen sizze dat it net dúdlik genôch is wat se dwaan moatte, as se minsken tsjinkomme dy't bliuwende klachten oerhâlde oan in coronabesmetting.
© ANP
Se rinne hieltyd tsjin itselde probleem oan: it is net dúdlik hoe't se de saneamde long-covidpasjinten trochferwize moatte, by wa't se wêze moatte, en wat in pasjint nedich hat.
Húsdokters en spesjalisten yn Noard-Nederlân komme no mei in spesjaal behannelplan foar dizze pasjinten.

Prikkels

Bedriuwsarts Mariëlle van Aalst wurket in soad mei longcovid-pasjinten. "Vaak hebben ze last van vermoeidheid, of omgaan met prikkels. Dat kan geluid zijn, maar ook licht."
"Ik heb mensen die bijvoorbeeld met een zonnebril op in huis lopen, omdat ze helemaal nog niet tegen licht kunnen."

Google

Dokters witte net goed wat se mei sokke pasjinten oan moatte, seit Van Aalst. "Een huisarts zei tegen één van mijn patiënten: kijk eerst maar even op internet, ga maar googelen."
"Ik had gehoopt dat dat inmiddels niet meer nodig was, omdat corona nu al anderhalf jaar in ons land is."
Yn juny prate Omrop Fryslân mei fjouwer minsken dy't oanhâldende coronaklachten hiene. Se seine doe al dat se net goed wisten wêr't se help krije koene.
Der is wol stipe, mar trochdat pasjinten sels fan alles útfine moatte, wurde se ûnwis, seit Van Aalst. "Her en der zijn initiatieven, maar de verbinding daartussen ontbreekt. Het is te versnipperd."
Doe't Van Aalst fernaam dat har pasjinten allegearre itselde probleem tsjinkamen, en dat de oerheid dêr neat oan die, woe se sels wat dwaan. Se hat mei longdokters in plan makke, dêr't yn stiet watfoar help der nedich is by bepaalde klachten.

Dreech

Relatyf sjoen binne it net in soad minsken dy't lang klachten hâlde as se besmet west ha mei it coronafirus, seit longdokter Jolanda Kuijvenhoven, en dat makket it dreech om der in behannelplan foar te meitsjen.
"Het is best wel lastig om voor een specifieke patiënt te zoeken waar die met zijn klachten heen kan."
Sjoch hjir nei de reportaazje:
Kuijvenhoven wurket yn Dokkum en yn Ljouwert. Allinne yn Ljouwert al hat se sa'n 650 minsken behannele dy't lang klachten hiene nei in coronabesmetting, seit se.
Se advisearret minsken dy't klachten hâlde, om rêstich oan te dwaan. "Maak het niet te gek, dat is de belangrijkste tip. Maar zoek ook hulp."
It nije plan wurdt woansdei ferspraat ûnder húsdokters en oare soarchferlieners.