Unôfhinklik ûndersyk: minister moat gaswinning Ternaard ferbiede

05 okt 2021 - 16:02

Op basis fan de kennis dy't der no is, kin minister Schouten gjin tastimming jaan foar de gaswinning by Ternaard. Dat docht bliken út ûnôfhinklik ûndersyk dat oanfrege is troch de Twadde Keamer.

Foto: ANP

Earder sei demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat dat hy de fergunning net wegerje mei, omdat oan alle betingsten foldien wurdt.

Undersikers sizze no dat minister Carola Schouten fan Natoer gjin tastimming jaan kin foar de gaswinning, omdat it net fêststiet dat dy gjin skea feroarsaket.

'Redelijke wetenschappelijke twijfel'

"Het is uitdrukkelijk niet zo dat een vergunning slechts geweigerd kan worden wanneer het bevoegd gezag kan bewijzen dat er significante gevolgen zouden kunnen optreden", stiet yn it ûndersyksrapport. "Redelijke wetenschappelijke twijfel over het optreden van die gevolgen is hiervoor voldoende."

Sels as it fêststean soe dat de winning sûnder gefolgen wêze soe, soe de minister de fergunning noch wegerje kinne, sizze de ûndersikers.

Koartlyn wie minister Stef Blok noch yn Ternaard. Hy waard opwachte troch tsjinstanners fan de gaswinning.

It ûndersyk is dien troch de Waadakademy, yn opdracht fan de Twadde Keamer. Keamerleden hiene frege oft it echt sa wie dat de minister de fergunning net wegerje koe.

Gaswinning net definityf fan tafel

Mei dit ûndersyk is de gaswinning by Ternaard noch net definityf fan tafel. Der is noch in juridyske opsje, dy't gaswinning mooglik makket, ek as it net fêststiet dat der gjin skea troch ûntstiet.

Yn dat gefal soe der oan trije betingsten foldien wurde moatte:

  • It moat fêststean dat der gjin alternatyf is;
  • Der moat sprake wêze fan in driuwende needsaak yn it algemien belang;
  • Eventuele skea moat kompensearre wurde.

Neffens de ûndersikers hat it Ryk der foarearst net foar keazen om dit alternative juridyske paad te nimmen.

Omdat der net in protte tiid wie foar it ûndersyk, ha se net ûndersocht oft der oan dizze betingsten foldien wurde kin. Neffens haadûndersiker Kees Bastmeijer fan de Waadakademy is it yn algemiene sin 'heel lastig' om oan de betingsten te foldwaan.

Trefwurden: 
gaswinning Ternaard
(Advertinsje)
(Advertinsje)