Trouwe útsupporters fan Hearrenfean krije foarrang by Fryske derby

05 okt 2021 - 15:11

De meast trouwe útsupporters fan sc Hearrenfean krije foarrang by de kaartferkeap fan de Fryske derby SC Cambuur - sc Hearrenfean ein desimber.

Hearrenfeanpublyk by de Fryske derby tsjin Cambuur yn jannewaris 2016 - Foto: ANP

De earste Fryske derby fan it seizoen wurdt op snein 19 desimber spile. Yn it Cambuurstadion binne 400 plakken foar útsupporters. Om't der nei alle gedachten mear Feanfans in kaartsje ha wolle, stelt de klup in foarkarsregeling yn.

Foarrang

Tsjin de tiid dat de derby op it programma stiet, hat Hearrenfean acht oare útwedstriden spile. Dat betsjut dat supporters dy't by seis, sân of acht útwedstriden west hawwe, foarrang krije en op de earste ferkeapdei in kaartsje keapje kinne.

Op de twadde ferkeapdei binne seizoenkaarthâlders oan bar dy't trije, fjouwer of fiif útwedstriden besocht hawwe. As der dêrnei noch kaarten oer binne, krije oare seizoenkaarthâlders noch de kâns om in kaartsje te keapjen. En dêr wer nei meie klupkaarthâlders besykje om tickets te bemachtigjen.

It is noch net bekend wannear't krekt de kaartferkeap begjint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)