Fiif fragen oer 'rel yn de dartwrâld' nei stunt Danny Noppert

In pear wurden fan de Fryske darter Danny Noppert dreune noch nei, de dei neidat er ien fan de bêste darters fan de wrâld fersloech op de World Grand Prix yn Leicester. Hy soe sein ha dat syn tsjinstanner falsk spile hie.
Danny Noppert © Orange Pictures
Dartkenner Mats Gies fan Omrop Fryslân beäntwurdet yn dit artikel fiif fragen oer de wedstriid, en de rel dy't nei ôfrin ûntstien is.

Wat wie der presys oan de hân?

"Noppert spile tsjin topdarter Michael van Gerwen. De Fries stie op in dûbel, en smiet him út. Dêrnei draaide er him om. By RTL7 sei er dat er doe ek wat sei tsjin Van Gerwen. 'Niet op de vloer stampen, vloerstamper. Of zoiets.'
Van Gerwen seit dat er neat ferkeard dien hat. 'Hij zei dat ik een valsspeler ben, omdat ik aan het stampen was. Ik raakte daardoor een beetje over mijn toeren. Dat mag niet gebeuren. Dat heeft hij goed gespeeld.'"

Wa hat gelyk?

"It is in lestich ferhaal. Op de bylden is net te sjen oft Van Gerwen echt mei syn foet op de flier stampte. It kin ek wat yn it publyk west ha.
As se smite, steane de darters yn in fak. De oar mei dêr net yn komme. Dat bart ek noait, mar juster like it oft Van Gerwen der wol in bytsje yn stie."

Watfoar gefolgen hat dit foar de relaasje tusken Noppert en Van Gerwen?

"Van Gerwen wie der wol wat emosjoneel ûnder. Hy seit dat Noppert him in falskspiler neamde. Dat is wol heftich. En dizze mannen komme mekoar alle wiken tsjin.
Foarich jier kamen se mei mekoar út foar Nederlân, op de wrâldcup. Dus ik tink dat se it hjir noch wol even oer ha sille."

Hoe bysûnder wie dizze oerwinning?

"Van Gerwen is de nûmer 3 fan de wrâld, en Noppert stiet op 22. Dus it is wol hiel knap.
En Noppert hat yn de lêste oardel jier yn telefyzjetoernoaien net folle sjen litten. Dus dat er dizze no pakt, is wol bysûnder, ek al is Van Gerwen op dit stuit net yn syn bêste dwaan."

Dit wie pas de earste ronde...

"It toernoai leit no iepen. De grutte favoriten lizze der al út.
Moarn treft Noppert Vincent van der Voort. Dat is in goeie freon fan Van Gerwen, dus wa wit wa't dêr noch achterwei komt. Mar der lizze wol kânsen foar Noppert.
It is net te hoopjen dat er syn krûd al fersketten hat, dat we de finale yn de earste ronde al sjoen ha. Dat is ôfwachtsjen. Mar foar it selsfertrouwen fan Noppert is dit net ferkeard."