It ferhaal achter: "It liket tsjinwurdich wol sa dat it allegear botse moat"

"It liket tsjinwurdich wol sa dat it allegear botse moat", dat sei Yde Wierda yn it telefyzjeprogramma De maitiidsswalker oer Fryske natuer. Wat bedoelt dizze boer fan Damwâld en wat is syn ferhaal?
© Omrop Fryslân
"Se binne skjin, moai drûch op de poaten en glânzje deroer", seit Yde Wierda (43) yn de reportaazje. "It is machtich om te sjen hoe't se har hjir ûntwikkelje." It is in prachtich gesicht as er syn kij út de feewein loslit yn it natuergebiet. De bisten springe deroer.

Ko út de sompe rêde

Yn it foar wie er benaud dat it fee it dêr net rêde soe, om't it op guon plakken hiel sompich is. "We ha mar ien kear in bist út de sompe helje moatten. Dat wie yn it earste jier."
De boer pachtet sa'n trije jier it natuergebiet Sippen-finnen, dat likernôch 90 bunder grut is, fan It Fryske Gea. "Hearst wol gauris dat soks net kin, dat agrariërs en natuerbehearders net mei-inoar kinne om't se ferskillende belangen hawwe. No, ik kin dy út eigen ûnderfining fertelle dat it krekt hiel goed giet", fertelt er wylst er op de trekker oan it meanen is.
Kij springe deroer as se út de feewein komme © Omrop Fryslân
Hy hat in bedriuw fan goed 300 kij. As jonkje woe er boer wurde, al rûn it oars as pland. "Ik kaam der tweintich jier lyn ynienen foar te stean, doe't ús heit op 52-jierrige leeftiid stoar. Yn 1978 hie hy de buorkerij kocht. Earlik sein wist ik net goed wêr't ik oan begûn. As jonkje tocht ik dat it simpeler wie as dat it by eintsjebeslút wie. Mar, it rint sa't it rint."

Wolwêzen foar natuer en fee

Hy leveret de molke oan Albert Heijn en docht mei oan it projekt 'Beter voor Koe, Natuur & Boer'. "Dêryn is omtinken foar wolwêzen fan fee en natuer. Om dêr yn mei te draaien moasten we lân oan de natuer weromjaan of op oare wize natuerlân oan it bedriuw keppelje. Dat dogge we no dus mei it natuergebiet. Al ús kij stean bûten, it jongfee, de melkkij en de drûge kij."
In part fan syn fee, sa'n fjirtich drachtige kij, gean nei it natuergebiet, dêr't se frij omrinne. As proef koe er it eilantsje Sippen-finnen ûnder Hurdegaryp pachtsje fan de natuerorganisaasje. "Dat wie earder in agrarysk gebiet, mar net mear nei't de lêste boer yn de jierren sechtich fuortgie, om't der in dyk fan Ljouwert nei Grins oanlein wurde soe. Dy dyk is der noait kaam en sa wie ik wer de earste boer dêr."
Yde Wierda © Omrop Fryslân
By tafal learde er dat gebiet kennen. "Ik sit by de frijwillige brânwacht yn Damwâld en we dogge geregeld oefeningen. Sa fûnen we dat we ris foar in natuerbrân oefenje moasten, om te sjen hoe'tst soks oanpakst. Doe kamen we by de Sippen-finnen."
"Dy oefening gie trouwens net hielendal goed, we bedarren mei ús allen yn de sleat. Ynklusyf Jan Jelle Jongsma, behearder fan It Fryske Gea. Om der te kommen moatst dysels mei in pont oer lûke. Doe't ik derop stapte, leinen we om. En om't ik de lêste wie, krige ik fansels de skuld."
Mei de trekker oer de pont © Omrop Fryslân
Al langer wie de boer op syk nei grûn om te pachtsjen. "Ik bin net de iennige boer yn Fryslân dy't lân pachtet fan de natuerorganisaasje. By bûtendyks lân komt it faker foar. Ik hie my dêr foar oanmeld, mar der wie gjin romte mear. En doe kaam dit foarby."
Kij yn it natuergebiet Sippen-finnen © Omrop Fryslân
We stienen der fersteld fan hoe goed oft de bisten it dêr dogge.
Boer Yde Wierda oer syn kij yn it natuergebiet
De proef is wûnderlik goed útpakt. "It is dêr allegear rûchte. Der groeit fan alles, mar net it bekende bedonge Ingelsk raaigers. We stienen der fersteld fan hoe goed oft de bisten it dêr dogge. Se kinne sels fretten fine dat goed foar har is, der binne tal fan ferskillende soarten. De bisten ha de romte en binne dêr de hiele simmer, salang't it waar moai bliuwt. Der is genôch beskutting mei strûken en beammen om skaad te sykjen en út felle rein en wyn te bliuwen."

Tagonklik foar rekreanten

"Yn it begjin tochten we dat se wolris ferwylderje koenen, mar se binne altyd like rêstich as wat. Ik wit net oft dat no komt om't der minsken komme of gewoan om't it sa bêst hawwe."
Beide partijen binne hiel entûsjast oer wat we foar elkoar krigen ha.
Yde Wierda oer de gearwurking mei It Fryske Gea
Bûten it briedseizoen is it natuergebiet tagonklik foar rekreanten. Mei de 'trekpont' kinne se op it eilân komme. "Se rinne dan tusken myn kij en de ponnys fan It Fryske Gea om."
De kombinaasje fan natuer en lânbou pakt goed út. "Beide partijen binne hiel entûsjast oer wat we foar elkoar krigen ha. We nimme de natuerbehearder ek wurk út hannen. Sa sjochst mar: it hoecht hielendal net te botsen."
Yde Wierda by syn kij © Omrop Fryslân
Neffens him wurdt de agraryske sekor yn de media net altyd goed delset. "Dan krijst dat groepen tsjinoer elkoar komme te stean. Minsken dy't oars tinke en der minder doel oer hawwe, roppe fan alles. Saken dy't ferkeard wêze soenen, wurde breed útmetten. Dat hat faak mei lobbys, belangen en jild te krijen. Dat wurdt wolris wat te hurd spile, dat fyn ik spitich."
Hy pleitet derfoar om sels nei te tinken. "Wat kin ik sels logysk beredenearje? Of wat wurdt my oanpraat? Fansels moatte we der mei syn allen foar soargje dat we de wrâld net minder achterlitte as dat we him krigen hawwe, mar we moatte wol realist bliuwe."
Besjoch de ôflevering fan De maitiidsswalker mei boer Yde Wierda:
Yn it programma De maitiidsswalker strúnt Remco de Vries troch it Fryske lânskip. Mei dizze searje wol de Omrop omtinken jaan oan de natuer en hoe bysûnder feroarings yn de natuer binne.
Dit is in artikel by de kampanje 'Kom fierder' fan Omrop Fryslân. Wolst mear lêze en bist nijsgjirrich nei ús oare programma's? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/komfierder