Poepjes foar taspraak yn Hongarije: net belearjend, mar wol in boadskip

05 okt 2021 - 10:31

Net te belearjend, mar wol mei in boadskip: deputearre Sietske Poepjes wol yn in taspraak yn Hongarije net de yndruk wekke dat West-Europa alles better wit, mar tagelyk wol se omtinken freegje foar de rjochten foar minderheden.

Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit Rijpma

Poepjes is yn Hongarije op in konferinsje oer it minderhederjocht fan de Ried fan Europa. Hongarije is op it stuit foarsitter fan dy ried. "Ik wol fertelle hoe't we yn Nederlân de rjochten foar de Fryske taal regele ha", fertelt de deputearre.

"Dat je ûnderwiis yn it Frysk krije kinne bygelyks. Mar ik wol net allinnich mar pronkje, want ek by ús is net alles likegoed regele. Sjoch nei de tolkekwestje en de fergoeding fan de tolken."

Dat is yn Nederlân wolris lestich, mar yn Hongarije hielendal.

Sietske Poepjes oer it omgean mei minderheden

Lestich fynt Poepjes om ek it ûnderwerp oan te snijen hoe't je mei minderheden omgean moatte. "Ik sit der wat op te tyskjen, mar ik wol omtinken freegje foar hoe'tst omgiest mei Roma. Minsken dy't oars binne as dy. Dat is yn Nederlân wolris lestich, mar yn Hongarije hielendal."

'Elkenien fertsjinnet in plak'

Yn har taspraak sil Poepjes fertelle dat minsken dy't in oare taal prate of in oare kultuer ha ek in plakje fertsjinje yn in lân. Net allinnich de dominante taal of kultuer is fan belang.

"Moatst wol witte litte dat je op in Europeeske, respektfolle manier omgean moatte mei minsken dy't in oare taal prate, in oare kleur ha of dy't in pake of beppe ha dy't út in oar lân komme."

Paneldiskusje nijsgjirriger

Nijsgjirriger as de taspraak is de diskusje dy't dêrnei komt mei in panel, seit Poepjes. "Ik tink dat dêr wol romte is foar bygelyks sokke ûnderwerpen. Prate oer Roma, oer diskriminaasje. En dan giet it net allinnich om etnisiteit, mar ek de kleur fan je hûd of seksuele oriïntaasje."

Der komt ek in lyts bytsje Frysk werom yn de taspraak fan Poepjes. Ien wurd sprekt foar himsels. "'Mienskip' wol ik fansels neame. Mar ek 'tegearre' en 'together', dat dat sa op elkoar liket. It Ingelsk is fansels in dialekt fan it Frysk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)