Justysje: 'smoarge binde' op bernebuorkerij yn Bears

In bernebuorkerij yn Bears mei yn de takomst mooglik noch mar fyftjin bisten hâlde, yn stee fan de njoggentich dy't der no binne.
In ponny (net yn Bears) © Shutterstock.com / Daisy Shakespeare
Neffens de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) hat by kontrôles bliken dien dat de eigener net goed op syn bisten past.
It Iepenbier Ministearje sprekt fan 'erbarmelijke omstandigheden'. Sa soene de bisten yn smoarge hokken lizze en soms te min iten krije. It IM seit dat de eigener fierstente folle bisten hat en te min romte.
De eigener seit dat der yntusken ferbetteringen trochfierd binne, sa krijt er help fan frijwilligers by de soarch foar de bisten. Boppedat hat er in persoanlik swiere perioade efter de rêch.

Eask: minder bisten en 1.500 euro boete

It brocht de offisier fan justysje net op oare gedachten: sy seit dat de bernebuorkerij noch hieltyd 'in smoarge binde' is. Se easket dat der net mear as 15 bisten op de buorkerij wêze meie. Boppedat wol se in boete fan 1.500 euro foar de stichting en in selstraf fan trije moannen ûnder betingst foar de eigener.

Earst nije kontrôles

De rjochter wol earst dat de NVWA nije kontrôles docht om te sjen oft it echt better giet, sa't de eigener seit. De útspraak folget op 13 desimber.