Aktiviteite-app foar âlderein: fan kofjemoarn oant lêzing

05 okt 2021 - 07:34

Alderein yn Waadhoeke en Harns kin de smartphone of de tablet der mar by hâlde; in nije app moat iensumens tsjingean en âlderein entûsjasmearje om mei te dwaan oan aktiviteiten.

Frou Dijkstra, deputearre Hoogland en frou De Haan - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Wolwêzensorganisaasje De Skûle wol âlderein mei de app Dag!enDoen! helpe om mear aktiviteiten yn de buert te finen.

Yn de app, dy't dizze wike presintearre is yn Tsjummearum, is in soarte aktiviteitekalinder te finen. Net allinnich yn soarchsintra yn de twa gemeenten, mar ek yn doarpen en tsjerken yn 'e buert.

It kin bygelyks gean om in kofjemoarn yn in buerthûs of in lêzing fan in fûgelklup.

Simpel

"Mei dizze app moat der yn ien eachopslach te sjen wêze wat der yn de omkriten te dwaan is foar âlderein", seit direkteur-bestjoerder Joke Bandstra fan De Skûle Welzijn. "Je kinne ek oanjaan oft je ferfier nedich ha."

Frou De Haan, frou Dijkstra en deputearre Hoogland - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Je soene tinke dat in app net sa geskikt is foar âlderein. "Mar dochs hat op oare plakken bliken dien dat it goed wurket", leit Bandstra út. "It is simpel: as je it oansette, sjogge je it al. Der kin net in soad ferkeard gean."

Provinsjebreed

Yn soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearrum kamen ek deputearre Douwe Hoogland, wethâlder Baukje Tol fan Waadhoeke en wethâlder Erik de Groot fan Harns op besite.

Ferslachjouwer Karen Bies by Nij Bethanië

De ûntwikkeling fan de Dag!enDoen!-app is betelle troch de provinsje. It is dan ek de bedoeling dat de app net allinnich yn de gemeenten Waadhoeke en Harns brûkt wurde kin, mar skielk ek yn de hiele provinsje ynfierd wurdt.

Soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
(Advertinsje)
(Advertinsje)