Soargen oer it fertutearzjen fan Het Spoordok: de griene sône fan Snits

05 okt 2021 - 07:01

Yn Snits is noed oer Het Spoordok: it natuergebiet dat njonken it spoar leit, as buffer tusken de binnenstêd en de wyk Hemdijk. It gebiet driget ticht te slykjen: wâlskanten fersakje en dûkers binne ferstoppe.

Het Spoordok mei op de eftergrûn it stasjon fan Snits - Foto: Wikimedia Commons

Neffens de stichting is it gebiet wichtich foar planten en bisten, mar as wetterbergingsplak ek foar minsken. Boppedat brûke ek in soad rekreanten Het Spoordok.

Stedsmarke

Het Spoordok is yn de jierren 1880 ûntstien, doe't de spoarline tusken Ljouwert en Starum oanlein waard. Der waard grûn ôfgroeven foar de oanlis, dêrtroch ûntstie der in stedsmarke. Der hat ek in swimbad by lein, mar nei de sluting dêrfan yn 1937 ûntwikkele Het Spoordok him mear ta in griene sône.

It is no tiid om wat te dwaan, want it komt net goed sa.

Bauke Faber fan wykbelangen

"It is yn dy 160 jier hielendal ferwyldere, om't der net in soad ûnderhâld is", seit Bauke Faber fan wykbelangen. "Dat is foar de natuer goed, mar no is it wol tiid om wat te dwaan. Want it komt net goed sa."

Bauke Faber

Hy leit út wat krekt it probleem is: "It sliket stadichoan ticht: it reid groeit tefolle, it wetter komt te heech, beammen falle om, dûkers binne ferstoppe. It ien is wer it gefolch fan it oar. Der moat in grut plan komme om wer wat streaming yn it gebiet te krijen."

Brief

Fertsjintwurdigers fan Stichting Wijkbelangen Hemdijk Sneek ha in brief nei de provinsje, gemeente Súdwest-Fryslân en Wetterskip Fryslân skreaun. ProRail hat ek in brief krigen, as eigener fan it gebiet. "Dat makket it sa muoilik. Want foar ProRail wie it eartiids net yn har belang om der wat oan te dwaan."

De gemeente wit fan de problemen en hat twa jier lyn al ûndersyk dwaan litten. "Us boargemaster wit derfan, sy hat ek sjoen dat der op guon plakken noch mar fiif sintimeter wetter sit." Dat is net goed foar de natuer en de bisten. "De iisfûgel sit der, de reiddomp, de hoarnûle, libellen, flearmûzen, stienmurden."

De stichting hopet dat der in 'taskforce' ta stân komme kin om Het Spoordok te behâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)