'Provinsje wie te roaskleurich yn it behâlden fan Thialf'

"Ze hadden het kunnen weten", seit Jan van der Bij fan de Noardlike Rekkenkeamer oer de problemen dy't de provinsje no mei de eksploitaasje fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean hat. "Een ijshal kostendekkend exploiteren met zulke hoge kapitaallasten is uitermate lastig."
Kolleezjelid Jan van der Bij fan de Noardlike Rekkenkeamer
De Noardlike Rekkenkeamer kaam moandei mei in rapport, skreaun op fersyk fan Provinsjale Steaten. Underwerp fan ûndersyk wie beslútfoarming om de ferbou fan it iisstadion nei 2012 hinne.
Thialf draait de ôfrûne jierren ferliezen en kaam earder dit jier mei it nijs dat rekken holden wurdt mei in fallisemint. De provinsje waard yn 2013 mei in ynvestearring fan 50 miljoen euro de grutste oandielhâlder. Nei tsjinslaggen moast de provinsje ek yn 2018 al jild beskikber meitsje om Thialf net fallyt gean te litten.
In part fan de ferliezen komt troch de sinnepanielen dy't op it dak lizze. De panielen binne mei it isolaasjemateriaal op it dak net feilich, dêrom meie se net oanset wurde en krijt Thialf dêr gjin ynkomsten út.
Neffens Jan van der Bij docht kear op kear bliken dat de provinsje te roaskleurich wie yn it berekkenjen fan it eksploitaasjeresultaat. "Men dacht dat het wel mee zou vallen met de prognoses, energieprijzen, bezoekersaantallen en de huur van de schaatsbond. Het was altijd net iets minder rooskleurig."

Amper diskusje oer eigenerskip

De Rekkenkeamer is ek kritysk op it feit dat de provinsje oandielhâlder is yn it iisstadion. Der hat amper diskusje west oer it eigenerskip, jout Van der Bij oan. "Welke argumenten waren daar destijds voor? Die hebben we nauwelijks teruggevonden. Er is niet uitgebreid over gesproken, dat heeft ons wel verbaasd."
Kolleezjelid Jan van der Bij fan de Noardlike Rekkenkeamer
Thialf hie ek frege wurde kinnen om mei in goed saaklik foarstel te kommen. "Dat kun je bekijken en vervolgens kun je op jaarbasis onderzoeken hoe men het exploitatieresultaat afdekt. Maar als je eigenaar bent van Thialf, ontstaat er een wezenlijk andere situatie."
Het was een kroonjuweel, met een nationale en internationale uitstraling. Dus er was veel aan gelegen om dit te behouden.
Kolleezjelid Jan van der Bij fan de Noardlike Rekkenkeamer
Provinsie Fryslân hie mar ien wichtich argumint foar eagen om ynvestearje te bliuwen yn Thialf: it behâld fan it iisstadion. "Het was een kroonjuweel, met een nationale en internationale uitstraling. Dus er was veel aan gelegen om dit te behouden."

Druk fan bûten de provinsje

Dêr komt nochris by dat der ek oare stêden yn it lân wiene dy't plannen hiene foar in iistimpel, lykas Zoetermeer en Almere. It wie dus foar de provinsje wichtich dat Thialf 'toonaangevend en competitief' bliuwe soe, sa't Van der Bij seit. "Eentje die internationaal kan concurreren."

Ekonomyske kant ûnderbeljochte

De Noardlike Rekkenkeamer hat wol begryp foar dy arguminten. "Wij vinden de cultuurhistorische argumenten houdbaar en begrijpelijk. Maar door die consensus bleef de bedrijfseconomische kant onderbelicht."
As jo it as provinsje echt wolle, moatte jo ek earlik wêze oer wat it yn de takomst kostje sil, fynt Van der Bij.

Elfstedenhal

Wat Van der Bij wol fernuvere hat, is dat de provinsje ek bot ynset hat op de bou fan de Elfstedenhal yn Ljouwert. "Thialf is daardoor naar schatting zo'n 250.000 euro aan inkomsten misgelopen. Het heeft ons ook verbaasd, omdat het bekostigen van sportaccommodaties eigenlijk een gemeentelijke taak is. Daar is van afgeweken voor Thialf, maar ook voor de Elfstedenhal."