Minste orgaandonoaren yn it noardeasten fan Fryslân

It persintaazje Friezen dat tastimming jout foar orgaandonaasje, is yn it noardeasten fan de provinsje it leechst. Mar 27 persint fan de ynwenners fan Dantumadiel jout der bygelyks tastimming foar.
© Shutterstock.com (valiantsin suprunovich)
Ek yn Achtkarspelen en Noardeast-Fryslân binne de minsken minder ree as op oare plakken yn Fryslân.

Measte donoaren yn De Fryske Marren en Skylge

Dit docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't tiisdei ferskine. Yn De Fryske Marren en op Skylge binne de measte minsken ree om organen ôf te stean. Yn beide gemeenten hat 37 persint fan de folwoeksen ynwenners oanjûn de organen donearje te wollen nei it ferstjerren.
Allinnich dizze twa Fryske gemeenten komme dêrmei boppe it lanlik trochsneed fan 36 prosint út.
Alle oare Fryske gemeenten steane yn de ûnderste helte fan de 'ranglist'. Yn it noardeasten is de reeëns dus it leechst: op of ûnder de 30 persint.
© orgaan
Sûnt it ynfieren fan de nije donorwet ferline jier july, binne yn Nederlân goed in miljoen orgaandonoaren by kaam. Goed 10 miljoen minsken hawwe sûnt dy tiid oanjûn wat har winsken binne.

Automatysk donor

Neffens de nije wet binne je, as je sels net in kar meitsje, automatysk donor. Dêrtroch is ek de groep dy't echt gjin donor wurde wol flink tanommen: fan 2,3 nei 4,3 miljoen minsken.

Flylanners ha it minst faak in kar makke

In fjirdepart fan de Nederlanners hat net in kar makke. Op Flylân hat sels 64 persint fan de ynwenners noch net in kar makke. It eilân is dêrmei de gemeente dêr't yn ferhâlding de measte minsken noch gjin kar trochjûn hawwe.