Danny Noppert stunt op World Grand Prix mei winst tsjin Van Gerwen

04 okt 2021 - 23:44

Danny Noppert hat moandeitejûn foar in grutte ferrassing soarge op de World Grand Prix yn Leicester. De 30-jierrige Jouster wûn op it telefyzjetoernoai mei 2-0 yn sets fan Michael van Gerwen. It is foar it earst dat Noppert op sa'n grut toernoai fan syn lângenoat wint.

Foto: Orange Pictures

De earste leg fan de wedstriid gie nei Van Gerwen, de nûmer trije fan de wrâld. Noppert hold dêrnei syn eigen leg fia dûbel twa. De tredde en fjirde leg giene mei de darts mei, mar yn de beslissende fyfde leg sloech Noppert ta. Mei twa kear 140 en in finish fan 56 pakte hy de foarsprong fan 1-0 yn sets.

Hast in 9-darter

Tsjinstanner Van Gerwen gie as in raket fan start yn set twa. Nei in skoare fan 160 en 171 miste de Brabanner de bullseye foar in 9-darter. Hy pakte wol de leg en bruts de Jouster yn de twadde.

Noppert kaam lykwols mei twa kreaze legs werom, en smiet in finish fan 103 om der 2-2 fan te meitsjen. Mei in finish fan 90 op dûbel trettjin makke hy dien wurk en pakte hy syn earste oerwinning ea op telefyzje tsjin Van Gerwen.

Vincent van der Voort

Kommende woansdeitejûn spilet Noppert yn de twadde ronde yn Leicester. Dan treft hy wer in Nederlanner, Vincent van der Voort.

De World Grand Prix is it iennige toernoai yn it jier dêr't de darters mei in dûbel begjinne, en einigje moatte. Dat format smyt oer it algemien spannende wedstriden op. It toernoai wurdt dit jier yn it Ingelske Leicester hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)