CDA hat noed oer Wrâlderfgoedkrusing by Noardwâlde

De fraksje fan it CDA yn Weststellingwerf hat noed oer de krusing tusken de N353 en de West- en Oostvierdeparten. De krusing is ûnoersichtlik en berucht om de ûngelokken dy't der barre.
De krusing © Lourens Looijenga
Wethâlder Jack Jongebloed joech oan dat it noch hieltyd wachtsjen is op de provinsje, dy't op syn beurt seit te wachtsjen op in ûngelokkeregistraasje. Riedslid Afke Kester, dy't sels út Noardwâlde komt, hie net in soad begryp foar de argumintaasje.

Mear toeristen om UNESCO

Neffens Kester is de needsaak om de krusing by de Friesche Brug oan te pakken allinne mar grutter wurden. De Oostvierdeparten binne koartlyn UNESCO Wrâlderfgoed wurden. Dêrtroch komme der mear toeristen nei it Frysk-Drintsk grinsgebiet, dy't de situaasje by de Vierdeparten net kinne.