Minister Visser op besite yn 'e Súdbroek: boargemaster jout boadskip mei

Demisjonêr minister Barbara Visser hat moandei op besite west yn de Súdbroek, by De Jouwer. Oanlieding wie in regeling fan it ministearje, dêr't de nije rotonde by De Broek mei oanlein is. Visser krige in bysûnder kado fan de boargemaster.
Minister Visser en boargemaster Veenstra © Gemeente De Fryske Marren
Gemeente De Fryske Marren hie jild oanfrege fia de ferkearsfeiligensregeling foar it oanlizzen fan de rotonde. De Fryske Marren hat yn totaal 1,2 miljoen út de regeling krigen, hiel Fryslân sa'n 10 miljoen.

Rotonderûntsje

Boargemaster Fred Veenstra hat mei de minister fan Ynfrakstruktuer en Wettersteat in rûntsje oer de rotonde fytst, dy't de ferbining tusken de A7 en De Jouwer is fia ôfslach Joure-West.
De bewenners fan it nijbouplan 'Broek-Zuid' moatte straks ek oer de rotonde hinne, lyk as fytsers dy't fan De Jouwer nei Snits moatte.

Gemeente wol akwadukt

By de besite hat demisjonêr minister Visser in taart fan boargemaster Veenstra kado krigen. Op de taart wie in ôfbylding ôfdrukt fan in akwadukt ûnder de Skarster Rien. De gemeente is al lang oan it oantrúnjen om in akwadukt yn de A6 te setten, om de hjoeddeiske Scharsterrijnbrug te ferfangen.