Fiif Friezen op nije Boerinne- en Boerekalinder

04 okt 2021 - 18:15

Fryslân is mei fiif boeren en boerinnen fertsjintwurdige yn de nije boerekalinders. Fjouwer froulju en ien man út ús provinsje binne keazen út goed 400 oanmeldingen.

Boerin Nynke fan Ychtenbrêge - Foto: Rachel Bosman | Sharabande

It is de 11e edysje dat De Boerinnen Kalender útjûn wurdt en de 4e kear dat der ek in ferzje mei manlju is. Op 8 oktober wurdt de nije kalinder offisjeel presintearre mei in show, wêryn't alle boeren oer in catwalk rinne.

De Friezen op de kalinder binne de boerinnen Dyan (Langwar), Gerjanne (Rotsterhaule), Nynke (Ychtenbrêge), Sjoukje (Snits) en boer Auke (Eastersee).

Boer Auke fan Eastersee - Foto: Agne Kuceviciute
(Advertinsje)
(Advertinsje)