Wiken fan de Admiraal yn Dokkum: “Hiel moai, en net te drok”

04 okt 2021 - 18:38

De organisaasje fan De wiken fan de Admiraal yn Dokkum sjocht werom op seis slagge wykeinen mei in protte minsken yn 'e stêd. Hoewol't der takom jier ek wer ien grut wykein mei muzyk op 'e planning stiet, nimt de organisaasje it format fan dit jier wol mei.

Wiken fan de Admiraal yn Dokkum:

"It wie moai, en net te drok. Want litte wy earlik wêze; al dy minsken dy't wy oars net ha by de Admiraliteitsdagen, dy woene wy no ek net", fertelt Jan-Michiel van der Gang fan de organisaasje.

De ôfrûne wiken wie der in soad te belibjen yn de binnenstêd fan Dokkum; fan muzyk en strjitteäter oant in foodmarket mei meardere foodtrucks. "As wy hearre wat de omsetten west ha fan de ûndernimmers en de hoareka, dan is dat hiel posityf", neffens Van der Gang.

Jubileumedysje

De organisaasje is yntusken drok dwaande mei de tariedings foar 2022. Dan stiet de jubileumedysje fan de Admiraliteitsdagen op it programma, dy't oars ferline jier al plakfine soe.

Van der Gang wol takom jier bot útpakke, mar ferjit de sterke punten fan it format fan dit jier net. "Beide kinne prima neist inoar bestean, mar wy moatte no ek echt wer in kear in haadpoadium hawwe."

De earste artysten binne alwer fêstlein foar 1, 2, 3 en 4 septimber takom jier. De Nederlânske poprockband BLØF soe ferline jier al spylje op de Admiraliteitsdagen, mar is yn prinsipe ek al befêstige foar 2022.

Foto: RTV NOF
(Advertinsje)
(Advertinsje)