Plysje Ljouwert siket tsjûgen fan strjitrôf oan it Potmargepaad

04 okt 2021 - 17:50

De plysje fan Ljouwert is op syk nei tsjûgen fan in strjitrôf oan it Potmargepaad, dat barde moandei om 13.40 oere hinne. It giet om in oerfal op in frou yn in scootmobyl.

Foto: ANP

Neffens de plysje is de frou it jild kwytrekke dêr't sy oars in moanne fan rûnkomme koe.

Der wurde twa minsken socht. De fertochten kamen neist de frou rinnen en pakten har skoudertas. Dêrnei naaiden sy út nei de J.H. Knoopstrjitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)