Swier grypseizoen ferwachte, kwetsbere groepen oproppen foar grypspuit

Mear minsken kinne dit jier in grypspuit krije. Njonken de groepen dy't alle jierren in útnûging krije, kinne ek bygelyks froulju dy't yn ferwachting binne har by de húsdokter melde foar in spuit. De ferwachting is dat der in swier grypseizoen oan sit te kommen.
Dit jier kinne mear minsken in grypprik helje:
Dy ferwachting hat te krijen mei it ôfrûne jier. Troch alle coronamaatregels wie der hast gjin gryp. Minsken ha dêr dan ek gjin antystoffen tsjin oanmakke en ha dus minder wjerstân. Alles by inoar kin dat liede ta in 'stevig' grypseizoen, seit ynfeksjesykte-arts Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân.

Druk op sikehuzen foarkomme

Benammen de sikehuzen kinne dêr lêst fan krije, seit Hofstra: "Naast mensen die getroffen worden door covid, krijg je ook mensen met gewone griep die naar het ziekenhuis moeten, of naar de intensive care. Kleine beetjes extra kunnen al snel voor problemen zorgen."
Hy riedt minsken yn de kwetsbere groepen dan ek oan al de grypspuit te heljen: "Het beschermt voor 40 procent tegen het krijgen van griep, maar belangrijker nog zorgt het voor milde klachten en kan ziekenhuisopname voorkomen."

Groep útwreide

De groep dy't de spuit helje kin, is útwreide. Njonken âlderein en minsken mei in kwetsbere sûnens komme no ek froulju dy't yn ferwachting binne yn oanmerking. Hofstra: "Die kunnen vanaf de 22 weken zwangerschapsduur één krijgen. Ze geven de antistoffen door aan hun kind en die is dan in de eerste zes maanden beter beschermd tegen luchtweginfecties. Verder mensen met obesitas en zij die getroffen zijn door zware corona en longschade hebben."