Fryslân Fûns sammelet jild foar juridyske striid foar de Fryske taal

Stichting Fryslân Fûns wol partijen finansjeel stypje om de oerheid fia de rjochter te twingen it Frysk te brûken. It fûns wol mei in crowfunding 25.000 euro ophelje, dat ynset wurde kin as it nedich is.
© Omrop Fryslân
Nettsjinsteande dat it Frysk in Rykstaal is, sjocht it Fryslân Fûns dat it Frysk hieltyd minder brûkt wurdt. Dat komt foar in part om't de oerheid 'sleau' omgiet mei it Frysk, sa fynt it fûns.

Rjochtsaken om it Frysk

"Wy binne net fan doel om sels in rjochtsaak te fieren, mar wy wolle klearstean mei jild as dat nedich is", leit ponghâlder Arjen Dijkstra fan it Fryslân Fûns út. It fûns hat noch net fuort in saak op it each dêr't it jild by ynsette wol.
Arjen Dijkstra fan it Fryslân Fûns
Dijkstra wiist der op dat der ferskate saken om de Fryske taal hinne west hawwe. Sa spande Jehannes Elzinga fan Frjentsjer in saak oan oer it brûken fan Fryske nammen op plaknammebuorden. Dijkstra sjocht ek nei it ûnderwiis. "Mooglik binne der organisaasjes dy't mei it Frysk ûnderwiis dwaande binne, dy't hjir wol wat mei wolle."

Oerheid yn beweging sette

Dijkstra tinkt dat de oerheid fia de juridyske wei hieltyd faker yn beweging te setten is. Hy wiist op de rjochtsaak fan Urgenda, dy't de oerheid twong om mear te dwaan oan de klimaatoanpak. "Sa is de Steat op de soarchplicht wiisd."

Oanbefellingen út Europa

Sa soene der ek rjochtsaken fierd wurde kinne om it brûken fan it Frysk te stimulearjen. "It Frysk is in rjocht, je moatte je eigen taal prate kinne. Mar sa't de oerheid no mei it Frysk omgiet soarget derfoar dat it efterút giet." Sa dogge it Ryk en de provinsje te min mei oanbefellingen oer it taalbelied út Europa wei.
"Normale fûnsen jouwe faak jild oan projekten. Jild foar in rjochtsaak is faak dreger, om't je yn 't foar net witte wat der út komt", seit Dijkstra. It Fryslân Fûns hat yn fjouwer dagen al 1.000 euro ophelle mei de crowdfunding. De aksje rint noch 87 dagen.