Wettergong by Balk yn gebrûk om wetteroerlêst foar te kommen

Wiete fuotten, tunen dy't ûnder wetter stean en skimmel yn de huzen; jierren hiene bewenners fan de Benjamin Steegengastrjitte en de Dokter Westrastrjitte yn Balk lêst by buien. Dat moat tenei in stik minder wurde, no't gemeente De Fryske Marren en Wetterskip Fryslân in nije wettergong nei De Luts groeven hawwe.
"It gie goed, der is gjinien ferwûne rekke en de boel streamt"
De wettergong kin yn wiete tiden wetter ôffiere, wylst der yn drûge tiden wetter oanfierd wurdt.
De buert is der bliid mei, sa seit Harmen van der Zee: "By in flinke reinbui hie ik it wetter in heale meter yn 'e tún stean. En by drûch waar foel it hjir dreech, dan stonk it hjir ferskriklik. Wy hawwe jierren sein dat der wat oan dien wurde moast. Dizze oplossing, mei in ferbining nei De Luts, dêrfan tink ik dat it prima wurkje sil."

'Wachtsje op de folgjende grutte bui'

Wethâlder Irona Groenveld fan De Fryske Marren mocht symboalysk de lêste skeppe grûn fuorthelje mei in grutte graafmasine. Neffens har moatte de problemen no yn it ferline lizze: "It moat fansels noch bliken dwaan yn 'e praktyk, mar it sjocht der goed út. Wy hawwe der oan rekkene en it sjocht der goed út. Miskien mar efkes wachtsje op de folgjende grutte bui om te sjen, dan bin ik wol benijd hoe't de boel him hjir hâldt."

Mooglik mear

Neffens Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân is it goed mooglik dat der yn de takomst, mei troch klimaatferoaring, mear wettergongen yn Fryslân groeven wurde moatte.
"We hebben er rondom Harlingen en Franeker al veel gegraven in verband met bodemdaling door de mijnbouwactiviteiten. Maar ook in de rest van Fryslân, denk bijvoorbeeld aan het veenweidegebied, hebben we er in de toekomst meer nodig", seit Van Weperen.