No ek GO scooters foar langere ôfstannen beskikber yn Ljouwert

Minsken yn Ljouwert kinne fan tenei ek foar lange ôfstannen in griene dielscooter brûke. It bedriuw GoSharing pleatste moandei 25 ekstra fan dy dielscooters.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De nije dielscooters kinne 45 kilometer yn de oere ride en binne dan ek bedoeld om gruttere ôfstannen ôf te lizzen.

Helm ferplichte

Bestjoerders fan de fluggere scooters binne ferplichte om in helm op te dwaan, dy sitte al by de scooter en kinne iepene wurde mei in app. Sûnt july 2020 ride yn Ljouwert mear as 100 elektryske scooters om dy't minsken efterlitte kinne sadat in oar de scooter ek wer brûke kin.