Sinne-autorace yn Marokko yn stee fan Australië: "Veel hoogteverschillen en bochten"

04 okt 2021 - 14:06

Even like de dream fan Friezen Remco Hoen en Oebele Lijzenga foarby, doe't de edysje fan de solarrace yn Australië skrast waard. Mar no is der in alternatyf: race yn Marokko. "Het vergt wel wat aanpassingsvermogen."

Remco Hoen - Foto: Jerome Wassenaar

De ploech fan Solar Team Twente sit al in oantal wiken yn Marokko. "De auto is er inmiddels ook", seit de Harnzer Hoen. "We zijn nu volop bezig om 'm honderd procent raceklaar te krijgen."

De sinne-auto's ride gewoanwei races yn Australië. Dêr is de auto ek op boud. It racen yn Marokko is hiel oars. "In Australië is het een race van 3.000 kilometer tussen Darwin en Adelaide met daarin één afslag. In Marokko rijden we over het Atlasgebergte. Dat betekent veel meer hoogteverschillen en bochten."

We kregen het een halfjaar voor de race te horen.

Yn koarte tiid moast de ploech oanpasse oan de omstannichheden

It frege hiel wat oanpassingsfermogen. "We kregen het een halfjaar voor de race te horen", fertelt Hoen. "Voor ons technische team was het een enorme uitdaging. We denken dat we het goed gedaan hebben, maar dat zal de race moeten uitwijzen."

De sinne-auto fan Solar Team Twente - Foto: Jerome Wassenaar

Hoen is ferantwurdlik foar it accountmanagement by it team. As de race ienkear losgiet, oer trije wiken, sit hy yn de auto dy't foar de sinne-auto út rydt. "De race rijden we in een soort konvooi. De eerste auto wijst in feite de weg. En erachter rijdt een bus."

De start fan de race is op 25 oktober yn Agadir. "De komende weken staan in het teken van heel veel testen. En oefenen: bochtjes draaien en heuveltjes op rijden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)