Polsbantsjes ynkoarten breder ynset yn Fryske hoareka

04 okt 2021 - 13:52

Polsbantsjes wurde ynkoarten yn mear gemeenten ynset as tagongsbewiis foar de Fryske hoareka. De polsbantsjes ferfange de QR-koades en moatte tagong ta hoarekasaken makliker en flugger meitsje.

Mear gemeenten tinke nei oer polsbantsjes:

Ljouwert wie ôfrûne wykein de earste gemeente dy't de polsbantsjes brûkte. De hoarekabesikers binne posityf oer de earste ûnderfining mei de nije bantsjes. It brûken fan polsbantsjes moat de rigen foar hoarekasaken koarter meitsje, omdatst mei in polsbantsje dyn QR-koade net mear sjen litte hoechst.

Hieltyd mear ynteresse

Oare gemeenten hawwe no ek ynteresse. Gemeente Hearrenfean is dwaande om de polsbantsjes yn te fieren, Smellingerlân is ek entûsjast: "Omdat het voor de bezoekers gewoon heel erg prettig is als je zo'n polsbandje hebt. Dan weet de horeca meteen: 'doorlopen'", seit boargemaster Jan Rijpstra.

Foto: ANP

Gemeente Smellingerlân wol dêrom gau mei hoarekaûndernimmers om 'e tafel. "We hebben de horeca uitgenodigd om hierover zo snel mogelijk met ons te spreken. Hoe gaan we het doen, willen jullie het doen, en op welke wijze?"

Gau ynsette

Rijpstra hopet de bantsjes gau ynsette te kinnen. "Als de minister ook zegt dat hij het op deze wijze goed ziet zitten, dan denken wij 'laten we het zo snel mogelijk doen'."

Boargemaster Jan Rijpstra oer polsbantsjes yn Smellingerlân

"It positive hjir yn Smellingerlân is dat de gemeente it inisjatyf naam hat. Wylst op oare plakken de KHN nei de gemeente moast", seit foarsitter Eelke Duursma fan Koninklijke Horeca Nederland yn Midden-Fryslân, dêr't ek Drachten ûnder falt.

"De ûndernimmers sille mei de gemeente om tafel om te sjen oft der in checkpoint oan De Kaden komme kin. Der moat wol in mearderheid wêze, fansels. De reaksjes wikselje noch wol, want de iene kroech hat mear besikers as de oare."

Foarsitter Eelke Duursma fan Koninklijke Horeca Nederland yn Midden-Fryslân

In wurdfierder fan de gemeente Súdwest-Fryslân lit witte dat dêr earst noch net in polsbantsjesysteem ynfierd wurdt. Christel Koning fan Koninklijke Horeca Nederland op It Hearrenfean jout oan wol posityf foar polsbantsjes oer te stean en wol mei de gemeente om tafel te wollen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)