Fryslân feilichste ferkearsprovinsje fan Nederlân

Fryslân is de provinsje mei it feilichste ferkear fan Nederlân. Yn ús provinsje fine yn trochsneed de minste ûngelokken plak.
© Independer
Dat docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan data fan de plysje en Rykswettersteat. Mei 4,8 ûngelokken de tûzen ynwenners bist yn Fryslân it feilichst op 'e dyk. De feilichste gemeente is Skiermûntseach, dêr barde yn 2020 gjin inkeld ferkearsûngelok, op it eilân ride ek mar in bytsje auto's.
Op it fêste lân dogge de noardeastlike gemeenten it goed: yn Dantumadiel (3,2), Achtkarspelen (3,5) en Noardeast-Fryslân (3,6) fûnen de tûzen ynwenners relatyf mar in bytsje ûngelokken plak.

Measte ûngelokken yn Ljouwert

Yn Ljouwert gie it yn 2020 it faakst mis. Fan de 3.154 meldingen fan ûngelokken dy't yn Fryslân dien waarden, kamen de measten út de haadstêd.