It ferhaal achter: "It lân fan moarn freget de moed fan hjoed"

04 okt 2021 - 11:00

In man stiet moarns betiid op de seedyk en sjocht prakkesearjend út oer de kwelders. Yn it tsjuster wurde letters op de seedyk skreaun. As de kamera útzoomt, is 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed' te lêzen.

We hearre in stim: 'It is it sykjen. In ûnwis taasten en trêdzjen yn it lân achter de krisis. Nije paden, wêr lizze se, hoe rinne se? We moatte foarút. Wa wiist de wei? Wa hat de ideeën, wa de moed?' Sa begjint it telefyzjeprogramma 'Berchrede fan it flakke lân' fan FryslânDOK. Yn de searje komme acht tinkers oan it wurd oer har ideeën oer de wrâld nei corona.

Ferdjipping sykje

Programmamakker Bart Kingma betocht dêrfoar de sin 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed'. Kin er noch weromhelje hoe't dat gie? "It begûn mei de corona-útbraak yn maart ferline jier. Net ien wist wat it wie en hoe't it útpakke soe. Ek foar ús programma's net. In sêne draaie by in aktiviteit koe bygelyks net mear, want alles waard skrast."

"We tochten nei oer watfoar programma's we wol meitsje koenen. It moast oer corona gean, mar we woenen dêryn de ferdjipping sykje. Sa kamen we op it idee om mei minsken te praten dy't in fyzje hawwe oer hoe't de wrâld der nei corona idealiter útsjen moatte soe."

Ik siet der al in skoft op om te kôgjen, woe wat mei de wurden hjoed en moarn. Al rymjend wie it der ynienen.

Bart Kingma oer hoe't it er op de tekst kaam

Under oare Ineke van Gent, Theunis Piersma, Nynke Laverman en Anja Haga waarden fregen om in 'berchrede' (essay) te skriuwen.

Al neitinkend en assosjearjend oer it oerkoepeljende tema fan de rige waard er moarns wekker mei de tekst 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed'. "Ik siet der al in skoft op om te kôgjen, woe wat mei de wurden hjoed en moarn. Al rymjend wie it der ynienen."

De tekst op de seedyk - Foto: Omrop Fryslân

Al langer binne der lûden dat we oars mei saken omgean moatte; minder fleane, minder konsumearje, mear omtinken foar de ierde en elkoar. "Corona wurke dêrby as in trigger. Der moat no wat barre. We moatte op syk nei nije paden, yn Fryslân, Nederlân en de hiele wrâld. Dêrfoar litte we tinkers oan it wurd dy't ús helpe kinne foar de takomst."

"As media kinne we problemen en rúzjes sjen litte, mar it is folle ynteressanter om mei-inoar te sjen en te sykjen nei wat kommendeweis is. Yn myn eagen is dat ek ús taak. Sûnder ússels dêrby trouwens as in soarte fan dûmny te sjen, hear."

Nei de 'Berchredes fan it flakke lân' folge dit jier in searje fan njoggen programma's ûnder de namme 'Beklimmers fan it flakke lân' en noch de podcastrige 'Ferhalen fan it flakke lân'.

Wy kinne foaroprinner wêze.

Bart Kingma oer de rol fan it plattelân

"Ek dêryn gean we op syk nei minsken mei in fyzje oer ferskate tema's as it doarp fan de takomst en sûnens. Lang wie it idee dat it plattelân achter stêd oan bonkelet, mar it plattelân kin foaroprinne. Saken as klimaat en iepenbiere romte spylje op it plattelân. We hoege net te wachtsjen op wat se yn Den Haag of Brussel betinke. It plattelân hat krekt de kaai, of sels meardere, yn hannen foar de hiele maatskippij."

Plattelânstema's

"Enerzjytransysje is bygelyks in plattelânstema. Dy wynmûnen stean hjir en net yn de 'grachtengordel' fan Amsterdam. En ek hoe't we mei ús iten omgean. It is eins raar dat yn de stêd mear biologysk iten wurdt as op it plattelân, wylst we it hjir ferbouwe. Wy moatte dat oppakke. Wy kinne foaroprinner wêze."

Neffens Kingma binne we te ôfwachtsjend wurden; sjogge we nei wêr't Den Haag en Brussel mei komme. "En dêrnei kleie we der ek nochris oer. Yn de feroaring dy't we nedich ha as maatskippij moatst neffens my net wachtsje op de polityk. We kinne folle aktiver wêze en it inisjatyf nimme. Gelokkich sjoch ik dat om my hinne. Stap ris op de fyts en dan komst it wol tsjin, de Voedselbossen en lokale enerzjykoöperaasjes. Krekt dat wolle we sjen litte."

Bart Kingma (rjochts) yn petear mei Govert Geldof - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)