Rolstoeltennisser Tom Egberink besoarget Nederlân wrâldtitel

Rolstoeltennisser Tom Egberink út Snits is mei Nederlân wrâldkampioen wurden yn it teamspul. Yn it lannetoernoai, dat te ferlykjen is mei de Davis Cup, wûn Nederlân yn de finale mei 2-0 fan Spanje.
Tom Egberink © Orange Pictures
Yn de pûlfaze wie Nederlân al oppermachtich. Yn trije wedstriden tsjin Poalen stie Nederlân mar twa games ôf en Eastenryk pakte mar trije games tsjin Egberink, Ruben Spaargaren en Maikel Scheffer.
Frankryk wie de tsjinstanner yn de heale finale. Spaargaren wûn de earste wedstriid, wêrnei't Egberink it finaleplak feilich stelle koe. De earste set gong yn in tiebreak nei Nicolas Peifer, mar Egberink stelde oarder op saken mei 7-5 en 6-1.

Spannende finalewedstriden

Yn de finale moast Nederlân tsjin Spanje. Spaargaren fersloech Daniel Caverzaschi yn trije sets. Dêrnei moast Egberink tsjin Martín de la Puente. De Spanjert wûn de earste set (4-6), mar Egberink focht him goed werom en pakte de folgjende twa sets (6-3, 6-2). Dêrmei wie de titel foar Nederlân binnen.
De lêste kear dat Nederlân de wrâldtitel pakte wie yn 2011.

Paralympysk sukses

It is in goed jier foar Tom Egberink. Op de Paralympyske Spelen pakte er al sulver yn it inkeldspul en brûns yn it dûbeldspul.
Egberink komt sels út Dalen, mar wennet by syn freondinne yn Snits.
Sjoch hjir nei de finalewedstriid fan Egberink: