Roemeenske liuwen wenne oan ferbliuw yn Fryslân: "Heel serieuze problemen"

04 okt 2021 - 11:47

De sân liuwen dy't út Roemenië weihelle binne troch de stichting Viervoeters wenne no oan harren nije ferbliuw by de rôfbiste-opfang Felida yn Nijeberkeap. Se sieten yn fierstente lytse romtes, ûnfeilich foar minsk en dier.

Roemeenske liuwen wenne oan harren nije ferbliuw yn Nijeberkeap:

De Roemeenske eigener hie se fan in Deensk sirkus oernommen. Simba fan trije jier wie der it minste oan ta, fertelt fersoarger Juno van Zon fan Felida. "Hij heeft heel serieuze problemen. Hij is heel klein en heeft vergroeiingen. Dat duidt op een slechte voeding en slechte verzorging in het algemeen."

Yn Roemenië waarden de bisten brûkt foar ferdivedaasje, seit Van Zon. "Simba werd gebruikt in een muziekvideo. Hij had allemaal verwondingen. Daardoor wisten we wat er aan de hand was. Gelukkig hebben heel veel mensen in Roemenië ertegen geprotesteerd."

Het is de eerste keer dat Simba gras onder z'n voeten heeft.

Juno van Zon (Felida)

It gong dus min mei Simba, mar it ferbliuw yn Nijeberkeap docht de liuw goed. "Sinds-ie hier is speelt-ie al heel veel met de bal. Hij is z'n verblijf aan het verkennen. Het is ook de eerste keer dat Simba gras onder z'n voeten heeft."

Yn Roemenië sieten de bisten by minsken yn de achtertún, fertelde Van Zon earder. "Er werd ongecontroleerd gefokt met deze dieren, het begon met twee en eindigde met negen dieren. Er zaten vijf dieren in één verblijf, in totaal hebben we er zeven moeten redden."

Om de bisten in bettere situaasje te jaan, moasten de eigeners earst wol oertsjûge wurde. "De situatie heeft hen uiteindelijk wel in laten zien dat dit niet oké voor de dieren is."

De misje fan Felida is noch net klear. "We hebben zeven van de negen mee kunnen nemen. De ouders zitten er nog steeds."

Fiif nei reservaat

As de fiif jongste liuwen sûn genôch binne, meie se troch nei in reservaat yn Súd-Afrika. De twa âldste liuwen hawwe al te lang skieden west fan de groep en bliuwe dêrom yn Nijeberkeap.

Yn de ôfrûne jierren binne der fyftjin grutte kateftigen út Nijeberkeap oerbrocht nei Súd-Afrika.

(Advertinsje)
(Advertinsje)