Henk de Jong fynt reade kaart 'flau', mar nederlaach '100 persint terjochte'

Trainer Henk de Jong baalt fan it ferlies fan Cambuur tsjin AZ, mar is ek realistysk: "It is 100 persint terjochte. AZ wie krekt wat rapper as ús yn de omskeakeling."
© Orange Pictures
De Jong fynt AZ in goede ploech, dy't net fluch in foarsprong fuortjaan sil. "Hiest eins wat yn de FC Groningen-schwung komme moatten, datst fluch lykmakkest. No kamen we op 0-2, dat wie spitich. Ek omdat we net in soad kânsen kreëarren."
Henk de Jong oer Cambuur-AZ:
De Cambuurcoach wie it net iens mei de reade kaart foar Alex Bangura. "Ik fûn it in hiele goede skiedsrjochter, mar in hiele flauwe reade kaart. Neffens my wie it ek noch bûtenspul, mar dat meist net weromdraaie."
De Jong wie wol bliid dat de nije oanfaller fan de Ljouwerters, Roberts Uldrikis, syn debút makke hat en dêrby ek fuort in doelpunt makke. "It wie in 'lucky', mar hy skoart wol. Ik fûn him in pear kear ûngelokkich, mar hy is nij. Ik bin bliid dat er in pear minuten makke hat."

Wat 'spesjaals' foar Zlatan

Uldrikis sels wie tige wiis mei syn doelpunt. "De bal kaam nei my ta en ik brûkte myn grutte fuotten yn myn foardiel. Hjoed is Zlatan Ibrahimovic jierdei, ien fan de bêste oanfallers yn de wrâld en ik besocht wat spesjaals te dwaan. Miskien ek wol foar him", seit er yn it Ingelsk tsjin ferslachjouwer Geert van Tuinen.
Roberts Uldrikis oer syn debút:
It duorre efkes foardat de Let syn debút meitsje koe. "Nei de ynterlânbreak hie ik in blessuere oan myn holle", leit Uldrikis út. "Ik ha in wike allinnich traind. Ofrûne wike die ik wer mei de groep mei en no wie ik klear om myn debút te meitsjen."

Schouten fûn AZ effektyf

Ek oanfierder Erik Schouten kaam werom fan in blessuere. Hy wie min te sprekken oer it wedstriidferrin. "Uiteindelijk is het niet echt spannend meer geweest en dat is zonde."
Erik Schouten is werom nei in blessuere:
Schouten sjocht mei in goed gefoel werom op de earste helte. Ik vond dat we prima voetbalden buiten de slordigheden om. Want buiten de kans van Pavlidis om, komen ze volgens mij twee keer door en twee keer is het een goal."
Nei de 3-1 wie it betrouwen by Schouten wer efkes werom. "Ik dacht: wat gaat hier gebeuren? De goal was geen uitgespeelde kans en daarna had Michael (Breij, red.) nog een kans, maar in de laatste tien minuten had ik niet het idee dat het nog ging gebeuren."

Bangura net iens mei kaarten

Krekt foar it ein fan de wedstriid waard Alex Bangura fan it fjild stjoerd mei twa kear giel. "Ik vond dat hij mijn eerste gele kaart niet had hoeven geven. Hij zei dat ik met twee benen inkwam, maar volgens mij hield ik mijn rechterbeen gewoon keurig binnen en raakte ik met mijn linkerbeen de bal."
Alex Bangura yn petear mei ferslachjouwer Geert van Tuinen:
Bangura fûn de twadde kaart ek net terjochte. "Ik hoorde al dat het buitenspel was, dus dan moet je gewoon vlaggen, vind ik. Daarna zitten we gewoon in een duel en speel ik ook de bal en daarvoor geeft hij mijn tweede gele kaart", seit de ferdigener lilk.