LDODK slút earste helte fjildkompetysje ôf mei winst en kopposysje

LDODK hat by de ôfsluting fan de earste helte fan de fjildkompetysje mei 20-22 wûn fan Blauw-Wit út Amsterdam. Troch de oerwinning stiet LDODK healweis op it twadde plak.
© Omrop Fryslân, Freark Wijma
Erwin Zwart wie bliid mei de oerwinning op Blauw-Wit, want it wie in wichtige wedstriid. "We koenen op it dielde earste plak komme by winst, mar by ferlies wienen we fyfde."
De wedstriid gie aardich lykop: healweis wie it 13-13. Dêrnei rûn LDODK wat út, mar de ploech út Amsterdam kaam werom yn de wedstriid. "Wy krigen krekt te maklik wat goaltsjes tsjin", seit Zwart dêroer. Dochs slagge it LDODK om de oerwinning oer de streek te lûken.

"Dico Dik soarget foar ienheid"

By LDODK is Dico Dik de opfolger fan Henk Jan Mulder as trainer. Neffens Zwart sit der ferskil tusken de oanpak fan de beide manlju: "Henk Jan is op trainingen ta op de puntsjes tared, hiel bot op de details. Dico is bot dwaande mei de groep, dat it in ienheid wurdt."
De ploech fan trainer Dik hat sân punten pakt yn de fjildkompetysje. Trije kear wûn de ploech út De Gordyk, ien kear spilen se lyk en ien kear ferlear LDODK. De ploech hat likefolle punten as koprinner Fortuna út Delft. Fortuna hat lykwols in better doelsaldo.

Stân Eareklasse A (fjildkuorbal)

TEAM DUELS PUNTEN
1. Fortuna 5 7
2. LDODK 5 7
3. DOS'46 5 6
4. KCC 5 6
5. Blauw Wit (A) 5 4
6. DeetosSnel 5 0
LDODK sil him no tariede op in nij seizoen fan de Korfbal League yn de seal, dat yn it wykein fan 20 novimber úteinset. Nei it sealseizoen wurdt de twadde helte fan de kompetysje op it fjild spile.
Erwin Zwart sjocht werom op de earste helte fan de fjildkompetysje: