Cambuur komt tekoart tsjin AZ by debút Uldrikis

03 okt 2021 - 16:32

SC Cambuur hat snein de thúswedstriid tsjin AZ mei 1-3 ferlern. De Ljouwerters koenen it AZ pas yn it lêste part fan de wedstriid dreech meitsje.

Foto: Orange Pictures

By Cambuur wie oanfierder Erik Schouten der nei syn blessuere wer by. Hy ferfong Marco Tol yn de basis.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Paulissen, Hoedemakers, Maulun; Breij, Boere en Kallon.

Nei tsien minuten krige AZ in grutte kâns op de iepeningstreffer. Vangelis Pavlidis skeat ien op ien mei doelman Sonny Stevens lykwols krekt njonken.

Flugge efterstân

Efkes letter wie it wol raak. Owen Wijndal sette goed foar en Dani de Wit kopte de bal efter Stevens: 0-1. Ek nei dy goal wie AZ de gefaarlikste ploech.

Nei 33 minuten waard it dan ek 0-2. Wijndal wie der troch oan de linkerside fan it fjild en kaam allinnich foar Stevens te stean. De international fan it Nederlânsk Alvetal skeat raak.

Cambuur hie it dreech tsjin AZ - Foto: Orange Pictures

Krekt foar it skoft waard it ek noch hast 0-3. Jesper Karlsson waard frijspile en hie de hoeke foar it útsykjen, mar Stevens koe de bal tsjinhâlde.

AZ beslikket wedstriid

Yn de twadde helte like Cambuur wat better yn de wedstriid te kommen, mar kânsen krigen se hast net. Nei in oere beslikke AZ de partij. Jordy Clasie waard de djipte yn stjoerd en makke it behearske ôf: 0-3.

By Cambuur makke de Letske oanfaller Roberts Uldrikis nei goed in oere syn debút. De oanfaller koe fuort jubelje doe't er in skot fan Michael Breij fan rjochting feroare en de bal sa yn de goal fleach: 1-3.

Read foar Bangura

Nei it doelpunt besocht Cambuur werom te kommen yn de wedstriid. Breij wie mei in hurd ôfstânsskot tichteby de oanslutingstreffer, mar de bal gie oer de goal fan AZ.

Yn de slotfaze moast Cambuur fierder mei tsien spilers. Bangura hie al giel en hold yn de 88ste minút Aslak Fonn Witry fêst. Skiedsrjochter Kamphuis stjoerde him dêrom fan it fjild.

Troch it ferlies stiet Cambuur foarearst achtste mei 12 punten.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)