Dúdlikens frege oer fersakke huzen Wolvegea fanwege leech wetterpeil

03 okt 2021 - 14:09

Acht fraksjes yn Provinsjale Steaten wolle mear dúdlikens hawwe oer de fersakke huzen yn it feangebiet by Wolvegea. De partijen hawwe yn oparbeidzjen mei-inoar fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

skea troch boaiemdelgong - Foto: Total Wall

De fundearring fan de huzen is sa bot oantaast dat fuortendaliks aksje nedich is. De partijen wolle witte oft der goed genôch ûndersyk dien is nei de 'heechwettersirkwys' dy't de huzen beskermje moatten hiene foar lege wetterpeilen dy't ta fersakking liede.

Ek wolle GrienLinks, Partij voor de Dieren, SP, D66, FNP, PvdA, 50PLUS, ChristenUnie witte wat de provinsje en Wetterskip Fryslân dwaan sille foar de dupearren.

Trefwurden: 
Wolvegea fersakking fean
(Advertinsje)
(Advertinsje)