Potmarge yn Buro de Vries: rûnlieding troch de griene long fan Ljouwert

03 okt 2021 - 11:43

De Potmarge is in bysûnder stikje Ljouwert. De kommende wiken skine we yn it programma Buro de Vries ús ljocht oer it rivierke. Dizze kear rinne wy tegearre mei Peter de Haan troch it gebiet.

Potmarge yn Buro de Vries:

De Potmarge is in soarte fan griene oaze yn de stêd. De gemeente hat Ljouwerters frege om ideeën foar it noch moaier meitsjen fan it gebiet om it rivierke de Potmarge hinne. De skiednis fan it gebiet is al like bysûnder.

Foto: Simone Scheffer

Peter de Haan is in echte Huzumer. Hy is aktyf yn de doarpstsjerke fan Huzum en tige wiis mei 'syn achtertún' , it Potmarge-gebiet.

Foto: Simone Scheffer

De Potmarge leit tusken Huzum en de stêd. Yn Huzum stiet in stânbyld fan De Gardernier. Dy ferwiist nei de skiednis fan de Potmarge. Neffens Peter de Haan heart de Potmarge echt by Huzum.

Ferskûle achter de beammen oan de Potmarge leit Villa Vaartzicht - Foto: Simone Scheffer

De Potmarge hat syn oarsprong as ôfwetteringsrivierke rjochting de Middelsee en wie de grins tusken de stêd en it bûtengebiet.

Yn de 17e en de 18e iuw wie it gebiet domein fan rike Ljouwerters dy't dêr harren bûtentunen hiene. Maria Louise van Hessen Kassel (Marijke Meu) de frou fan prins Johan Willem Friso hie dêr ek har saneamde 'lusthof'. Dêr is no neat mear fan oer. Fuotbalfjilden binne no it sicht.

Foto: Simone Scheffer
(Advertinsje)
(Advertinsje)