Sneinsklups ferdwine, mar Jobbegea hâldt fol: "We ha it aardich op 'e rit"

03 okt 2021 - 10:41

Se sjogge de iene nei de oare klup ferdwinen út it sneinsfuotbal, mar Jobbegea hâldt fol: se stappe net oer nei de sneon. Al makket de trend it der foar Jobbegea net makliker op.

Jobbegea fiert in goal tsjin Akkrum - Foto: Dijks Fotografie

"It bringt útdagingen mei him mei", seit vice-foarsitter Jurjen Varwijk fan de klup. Jobbegea is dit seizoen ien fan de trije Fryske klups yn de earste klasse snein. De oare twa - Hearrenfean en FVC - hâlde nei dit seizoen op mei sneinsfuotbal.

Klups hawwe ferskate redenen om út it sneinsfuotbal te stappen, mar wat hast altyd weromkomt: de spilers wolle leaver net mear op snein fuotbalje.

Bewust op snein

Varwijk ken dy arguminten, mar yn Jobbegea sit it oars, seit er. "Jo fernimme wol dat jeugdspilers leaver op in saterdeimiddei fuotbalje as op sneintemoarn om 10.00 oere. Mar by de seleksjespilers fernimme we dat net sa, dat dy leaver op de saterdei fuotbalje. Se kieze der bewust foar om by ús op de snein te fuotbaljen."

Wy binne in arbeidersdoarp. Op saterdeis binne by ús altyd in protte oare aktiviteiten.

Jurjen Varwijk (vice-foarsitter Jobbegea)

En foar de supporters komt fuotballerij op snein ek wol goed út, neffens Varwijk: "Wy binne in arbeidersdoarp. Op saterdeis binne by ús altyd in protte oare aktiviteiten. En in soad supporters binne ek 'fêstpind' op de sneins."

Wat by guon klups ek spilet: it is dreech om genôch frijwilligers te finen dy't op beide dagen nei de klup komme om wurk te fersetten. "We hawwe fêst kantinepersoniel, dat skeelt in hiel soad. Dêr hoege we net nei om te sjen. En by thúswedstriden fan ús earste hawwe we in fêst ploechje frijwilligers."

Nei't it fuotbaljen sa lang stillei fanwegen de pandemy, wie it wol even ôfwachtsjen oft al dy frijwilligers weromkomme soenen. "De oanrin wie wat dreech", seit Varwijk. "Mar we hawwe it no wer aardich op 'e rit."

Mear oerstappers kwestje fan tiid

Seis sneinsklups stappe nei dit seizoen mei it earste alvetal definityf oer nei de saterdeis. Der binne mear klups dy't sizze dat it in kwestje fan tiid is dat se oerstappe nei it saterdeisfuotbal.

De deadline fan 1 oktober om horizontaal oer te stappen kaam foar De Wâlden bygelyks te betiid, mar in bestjoerslid lit witte dat der ynkoarten wol praat wurdt oer it beslút om it sneinsfuotbal te ferlitten.

Itselde jildt foar Houtigehage. Dy spylje yn de fiifde klasse sneins en dus is de deadline fan 1 oktober minder fan belang. Oft se no foar of nei 1 oktober trochjouwe dat se oerstappe, yn beide gefallen soe de klup op sneons ek yn de fiifde klasse begjinne.

Fuotbalje op snein hat ek foardielen, fine se yn Jobbegea. De jeugdteams fan sneinsklups spylje wol op de saterdei. "Dat is better foar de fjilden, we kinne de wedstriden makliker kwyt. Ast alles op ien dei hast, is dat in enoarme belesting foar dyn sportpark. Dan moatte de fjilden ek maksimaal benut wurde."

De kommende jierren giet Jobbegea yn alle gefallen dus wol fierder mei it sneinsfuotbal. "Mar we moatte de eagen ek net slute foar de takomst", seit Varwijk.

'Wykeinfuotbal' as oplossing?

Hy hat wol in idee om it sneinsfuotbal ek yn de takomst oantreklik te hâlden en it probleem fan de hieltyd fierdere útwedstriden te omsilen. "Ik bin foar wykeinfuotbal. Dat systeem brûkt de KNVB ek al yn de beker: as twa sneinsploegen tsjinelkoar moatte, dan is de wedstriid gewoan op snein. En as in saterdeisklup tsjin in sneinsklup moat, dan dochst de wedstriid saterdei oan de ein fan de middei of begjin fan de jûn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)