WEROMBLIK: Hoe't stoarmwaar it maatskiplik libben stillei

03 okt 2021 - 10:30

It is wer de tiid fan it jier: ûnlijich waar mei swiere wynstjitten of stoarm en fikse buien, dy't in soad oerlêst en skea feroarsaakje kinne. As it need gong, die Omrop Fryslân der fansels ferslach fan. In pear útsjitters út ús argyf op in rychje.

Omwaaide beam op in wenhûs (2012) - Foto: Omrop Fryslân

Yn 2007 hiene plysje en brânwacht de hannen fol oan omwaaide beammen en loswaaide dakken. Ek ferskate diken waarden ôfset fanwege it gefaar fan fuortwaaiende stikken dak en plaatmateriaal.

Kantele frachtweinen en sânsekken op Flylân yn de reportaazje fan Omrop Fryslân oer de stoarm op 18 jannewaris 2007:

Dat jier waaide it sa hurd dat de feartsjinsten nei de eilannen stillein waarden. Dochs koe in kameraploech fan Omrop Fryslân Flylân mei in wettertaksy berikke, om de striid tsjin it hege wetter te registrearjen.

It seewetter streamt oer de kaai yn de haven fan Flylân (2007) - Foto: Omrop Fryslân

Wynkrêft 12

Yn it Waadgebiet hat de hurde wyn fansels frij spul. Kustplak Harns krige it yn oktober 2013 mei in súdwesterstoarm swier foar de kiezzen. By de hiele Waadkust del waard doe wynkrêft 12 metten.

Sjoch nei de reportaazje oer de ympakt fan de stoarm fan 28 oktober 2013 op kustplak Harns:

Achmeatoer

In wynfanger by útstek is de 114 meter hege Achmeatoer yn Ljouwert. De markante toer wie yn 2001 al hast klear foar oplevering doe't by in stoarm ein dat jier gevelplaten loswaaiden. Ek de fearboaten nei Flylân en Skylge waarden wer út de feart helle.

De earste gevelplaten waaiden fan de Achmeatoer yn Ljouwert op 18 desimber 2001:

Foar de feiligens moast de folsleine gevel fan de Achmeatoer, dy't út 7000 natoerstiennen platen bestiet, opnij ferankere wurde.

Treinferkear wurdt út foarsoarch stillein (2013) - Foto: Omrop Fryslân

Heech wetter

Begjin 2002 stoarme it sa slim dat Omrop Fryslân it telefyzjenijs iepene mei: 'Stoarm ûntwrichtet maatskiplik libben'. Autoferkear koe allinnich noch stadich ride en fanwege ûngelokken en kantele frachtweinen waarden der autodiken ôfsletten. It treinferkear waard ûntregele troch stikkene boppeliedings en ek de fearboaten nei de eilannen bleaune oan de kant.

Troch de kombinaasje fan swiere stoarm en útsûnderlik heech wetter wie de wetterstân op guon plakken in meter heger as gewoan. By Gerkeskleaster drige it PM-kanaal te oerstreamen. Wetterskip Fryslân liet alle gemalen sa fûl as mooglik draaie en sette de slús by Terherne ticht.

Op 26 febrewaris 2002 berikte de wyn op guon plakken orkaankrêft:

Sjoch ek op ús argyfwebside Weromrop nei dokumintêres út it ferline oer waarekstremen:

  1. De grins ferlein (út 1993)
  2. Waarmer en wieter (út 2000)
  3. De sniestoarm fan 1979 (út 2004)
  4. De winter fan 1929 (út 1999)
Trefwurden: 
stoarm ekstreem waar
(Advertinsje)
(Advertinsje)