FIDEO: Fryske tsjerketsjinst út de Hobbe van Baerdttsjerke út De Jouwer

03 okt 2021 - 09:55

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen tsjerketsjinsten mei in oekumenysk karakter út. De tsjinsten begjinne om 10.00 oere. Se binne te sjen op de livestream op de webside fan Omrop Fryslân en op telefyzje. Yn oktober komme de tsjinsten út de Hobbe van Baerdttsjerke út De Jouwer wei.

De foargonger is dûmny Peter Bos en Bob Pruiksma spilet op it oargel. Fierdere muzikale meiwurking is der fan De Cantorij, ûnder lieding fan Grietje Dam.


Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)