Omwenners gemeenteplein Wolvegea wolle skate-ferbod

03 okt 2021 - 09:19

Skaters op it plein by it gemeentehûs yn Wolvegea feroarsaakje oerlêst, fine de omwenners. Se wolle dat de gemeente hurd optreedt: in ferbod yn de APV.

It plein by it gemeentehûs fan Weststellingwerf yn Wolvegea - Foto: Google Streetview

It is net de earste kear dat der oan de belle lutsen wurdt oer de oerlêst. Nei earder oerlis die de gemeente it foarstel om de skaters op bepaalde tiden troch de fingers te sjen. De omwenners fine dat lykwols net in goed plan. Neffens harren hawwe se troch it skaten minder wengenot en giet it strjitmeubilêr deroan.

Skaters stean neffens de wet lykwols op deselde foet as fuotgongers. Dus as skaters der net komme meie, dan fuotgongers ek net.

APV

De gemeente kin sels regels opstelle oer de iepenbiere oarder en de feiligens yn de eigen gemeente, Dy komme yn de Algemiene Pleatslike Feroardering (APV) te stean. It giet dan bygelyks oer plakken dêr't minsken omhingje meie of dêr't alkohol dronken wurde mei op strjitte.

Trefwurden: 
Wolvegea gemeentehûs skaters
(Advertinsje)
(Advertinsje)