Gjin eufory by Hearrenfean nei oerwinning op PEC Zwolle

02 okt 2021 - 23:32

Sportklup Hearrenfean pakte sneon trije punten tsjin PEC Zwolle (0-1). Dochs wie de oerwinning gjin reden ta in protte eufory. "Er zat niet veel bij vandaag", seit middenfjilder Joey Veerman.

Foto: Orange Pictures

"Het was niet best vandaag", seit de Volendammer dy't ek kritysk is op syn eigen spul. "Ik raakte bijna alle ballen kwijt."

Joey Veerman nei ôfrin fan de wedstriid tsjin PEC Zwolle:

Veerman wie lykwols net allinnich mar negatyf. De middenfjilder wie bliid mei de punten. "Misschien had het wel een gelijkspel moeten worden vandaag, maar ik ben wel blij dat we hem over de streep hebben getrokken."

Knokke en stride foar moaie punten

Trainer Johnny Jansen wie ek bliid mei it resultaat. "We moesten knokken en strijden om een overwinning binnen te halen en volgens mij hebben wij dat goed gedaan en hebben we hele mooie punten gepakt."

Johnny Jansen seach in echte 'vechtwedstrijd':

Jansen wie min te sprekken oer it feit dat syn ploech de wedstriid net earder beslikke. "Ik vind het heel jammer dat je niet beslissender bent, want de ruimtes om verder door te voetballen waren enorm groot."

De Hearrenfeancoach sprekt dan ek fan in 'zwaarbevochten overwinning'. Dat kin Hearrenfean goed brûke, want Ajax is yn de folgjende wedstriid de tsjinstanner. "Ajax voetbalt geweldig, dus is het een mooie uitdaging om daar iets moois neer te zetten."

Sven van Beek spilet 'uitstekende partij'

Ofrûne snein ferlear Hearrenfean mei troch in eigen doelpunt fan Sven van Beek fan FC Twente. It wie al it achtste eigen doelpunt yn syn karriêre, dêrmei is hy rekôrhâlder. Sneon rûn Van Beek mei in hiel oar gefoel fan it fjild.

"Ik denk dat ik vandaag een uitstekende partij heb gespeeld, ik zat overal tussen. Dat is lekker na vorige week. Die dingen gebeuren nou eenmaal en helaas ben ik wat vaker de pineut."

Sven van Beek: "Ik ben wat vaker de pineut":

Van Beek krige oan it ein fan de earste helte in earm in it gesicht. "Naar mijn mening gaf hij een echte elleboog. Voor mij is dit een pure rode kaart."

De skiedsrjochter en de VAR besleat lykwols oars. "Blijkbaar hebben zij er een ander idee over. Zo simpel is het: uiteindelijk beslissen zij. Maar wij hebben de drie punten en dat is het belangrijkst."

(Advertinsje)
(Advertinsje)