Hearrenfean wint troch eigen doelpunt fan hikkesluter PEC Zwolle

02 okt 2021 - 21:58

Nei twa nederlagen op rige hat Hearrenfean sneon wer ris trije punten pakt. Tsjin hikkesluter PEC Zwolle waard it 0-1 foar de ploech fan Johnny Jansen.

Foto: Orange Pictures

Hearrenfean moast it dwaan sûnder keeper Erwin Mulder. Hy is wikenlang blessearre troch in brutsen tomme. Reservekeeper Xavier Mous stie dêrom yn de goal.

Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg; Madsen, Halilovic, J. Veerman; Nygren, H. Veerman en Van der Heide.

Hearrenfean wie nei goed tsien minuten foar de earste kear gefaarlik, mar Arjen van der Heide skeat nei in hoekskop yn it sydnet. Efkes letter krige PEC in noch gruttere kâns. Mous wie út posysje, mar Gervane Kastaneer koe de bal net tusken de peallen krije.

Kânskes foar beide ploegen

Hearrenfean wie wat sleau yn de earste helte. In protte passes mislearren by de Friezen. De hikkesluter út Zwolle wie it meast driigjend: sa krigen Mark Pabai en Slobodan Tedic kânsen om te skoaren.

Nei in healoere wie der wer ris in mooglikheid foar Hearrenfean. Henk Veerman draaide fuort by syn tsjinstanner, mar skeat yn it sydnet. Letter wie Sven van Beek gefaarlik by in hoekskop, mar syn kopbal waard knap keard troch keeper Kostas Lamprou fan PEC Zwolle.

Ibrahim Dresevic set syn teamgenoaten del - Foto: Orange Pictures

De earste grutte kâns nei it skoft wie foar PEC Zwolle. Tedic skeat fan tichteby op de Hearrenfean-goal, mar Mous koe de ynset keare.

Foarsprong troch eigen doelpunt

Nei 63 minuten waard de skoare iepenbrutsen. Ynfaller Anthony Musaba krige de bal by Milan van Ewijk. Van Ewijk sette de bal foar en Bram van Polen fan PEC tikke de bal yn it eigen doel: 0-1.

De spilers fan Hearrenfean fiere it doelpunt - Foto: Orange Pictures

No moast PEC op syk nei de lykmakker, mar kânsen krigen sy hast net. Tibor Halilovic krige wol in grutte kâns foar Hearrenfean doe't er allinnich foar Lamprou kaam. De middenfjilder skeat lykwols njonken en dêrnei waard der ek noch fluite foar bûtenspul.

Hearrenfean hat no 13 punten út acht wedstriden en stiet dêrmei foarearst op it sânde plak.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)