VC Snits hat trije kear in grutte foarsprong, mar ferliest dochs fan Sliedrecht Sport

De follybalsters fan VC Snits hawwe de earste kompetysjewedstriid fan it seizoen ferlern. Op besite by Sliedrecht Sport waard it 3-1. Britt Schreurs makke de measte punten foar Snits: 16.
VC Snits yn in eardere wedstriid © Orange Pictures
De Friezinnen giene goed fan start yn Súd-Hollân. Snits kaam sels op in foarsprong fan 10-16 en letter op 20-23, mar de regearjend lânskampioen pakte úteinlik mei 26-24 dochs de earste setoerwinning.
Yn de twadde set hie de Fryske ploech op 'e nij in grutte foarsprong. VC Snits krige mei 16-24 sels acht setpunten, mar se hiene oan ien al genôch om de twadde set binnen te heljen.

Druk te grut?

Sa effektyf as Snits mei de setpunten omgie yn de twadde set, sa sloardich wie dat yn de tredde set. Diskear kaam de ploech fan trainer Jeffrey Scharbaai op 'e nij op in grutte foarsprong: 18-24. De seis setpunten dy't dat oplevere waarden lykwols net benutte.
It sande setpunt op 24-25 waard ek net pakt, wêrnei de set úteinlik mei 28-26 nei Sliedrecht gie.

Mentale klap

Dat wie in mentale klap foar Snits. Yn de fjirde set rûn Sliedrecht dan ek al gau út en pakte de set relatyf ienfâldich mei 25-17.
Nije wike sneon stiet foar VC Snits de earste thúswedstriid fan it seizoen op it programma. FAST is dan de tsjinstanner.