Net mear as tsien geiten omkaam by brân yn grutte geitehâlderij Kollum

Yn in stâl oan de Hesseweg yn Kollum hat sneontejûn in grutte, útslaande brân west. Fan de fiifhûndert geiten hawwe minder as tsien it net oerlibbe, neffens in wurdfierder fan de brânwacht.
© Noordernieuws
De korpsen fan Kollum, Bûtenpost, Dokkum, Drachten, Grijpskerk en Zuidhorn kamen te plak om it fjoer ûnder kontrôle te krijen. Dat slagge om likernôch 22.20 oere, in goed oere nei de earste melding.
De brân bleau beheind ta in diel fan de stâl. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech.
Ien persoan is troch ambulânsepersoaniel ûndersocht fanwege reekynhalaasje. Der is mooglik asbest frijkaam by de brân. Dat wurdt op it stuit noch ûndersocht.