Harns hat der in keunstwurk by fan 14 meter heech

02 okt 2021 - 19:38

Yn Harns is sneon it keunstwurk Broken Jug pleatst. In grut stielen keunstwurk fan 14 meter heech en 45 ton swier makke troch de Amerikaanske keunstner Frank Stella.

De pleatsing fan it keunstwurk Broken Jug yn Harns:

Frank Stella makke it byld al yn 2001. It hat al mei al tweintich jier duorre foardat it gefaarte in plak krige. Oerol-oprjochter Joop Mulder hat derfoar soarge dat it byld yn Harns kaam. Broken Jug is by de Tjerk Hiddessluzen delset en wurdt de yngong fan it langparkearterrein.

By de lêste faze, it op syn plak tillen mei trije hyskranen, wienen in soad taskôgers. It wie in sekuer wurkje om it stielen keunstwurk fan de trailer te takeljen en dêrnei út te linen om alle gatten foar de bouten te krijen.

Oanwinst

Wethâlder Erik de Groot fan Harns makke mei syn kollega's symboalysk in pear fan de bouten fêst.

Wethâlders draaie keunstwurk Broken Jug yn Harns fêst - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De Groot is bliid mei it keunstwurk: "Het is absoluut een aanwinst voor de stad en ook voor onze regio Noordwest-Friesland. Een blikvanger van 14 meter hoog, die je al van ver af kunt zien. Magnifiek om te zien."

Der komt noch in ljochtynstallaasje by en dan sil op 2 novimber de offisjele presintaasje fan it keunstwurk wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)