Bûtendyks lânskipskeunstwurk 'Terp fan de Takomst' by Blije 'iepene'

02 okt 2021 - 17:20

De ynwenners fan Blije ha der inkelde moannen op wachtsje moatten, mar sneontemoarn wie it dan safier: de offisjeuze iepening fan de Terp fan de Takomst, bûtendyks by Blije.

Dronebylden fan it nije keunstwurk (rjochten: Binne-Louw Katsma Fotografie):

Direkteur fan It Fryske Gea Henk de Vries en Tjitske Andringa fan it Doarpsbelang iepenen it keunstwurk symboalysk troch it klapstek by it kuierpaad yn te hingjen.

Dêrnei waarden metalen plaatsjes mei de nammen fan de belutsen partijen en oare minsken dy't graach ferivige wurde woene op de terp pleatst.

Foto: Harry Feenstra

"It wie fantastysk. We hiene prachtich waar derby en entûsjaste minsken", seit Andringa. Dy minsken moasten wol de learzens oan, want it paad nei it keunstwurk ta wie noch wiet en modderich.

"It is in work-out even op dit momint. Kinst ek wol in bytsje neist de paden rinne en in drûger plakje fine. As je net sa goed te foet binne, soe ik it net dwaan. As je fan in stevige kuier hâlde en de learzens meihawwe, dan is it prima te dwaan."

Offisjele iepening

De offisjele iepening lit lykwols noch efkes op him wachtsje, om't de terp noch net hielendal klear is. "De dwerslizzers binne noch net klear. Earst wie it hout leverjen in probleem en dêrnei giene de masines stikken", leit Andringa út.

De offisjele iepening stiet pland foar juny takom jier.

De terp moat de ferbining tusken it doarp en it Waad sichtber meitsje. It doarp wol wer 'mei it gesicht nei de Waadsee wenje, libje en wurkje'.

Tjitske Andringa fan Doarpsbelang oer de Terp

Trefwurden: 
Blije Terp fan de Takomst
(Advertinsje)
(Advertinsje)