Brân yn WTC Hotel yn Ljouwert 'master'; gasten sneontejûn net mear werom

02 okt 2021 - 18:12

Yn it WTC Hotel oan de Heliconweg yn Ljouwert is sneontemiddei brân útbrutsen. It gie om in brân yn in sauna op de fjirde etaazje. De brânwacht skaalde op nei 'zeer grote brand', mar hat yntusken it sein 'brân master' jûn.

Bylden fan it WTC Hotel:

"De brand is wel uit, maar er is veel schade. Mensen kunnen vannacht niet in het hotel slapen", seit in wurdfierder fan de brânwacht.

Doe't de brân útbruts wiene der 126 minsken yn it gebou oanwêzich. De gasten fan it hotel kinne sneontejûn fanwegen de skea net yn it hotel sliepe. Der wurdt besocht de persoanlike eigendommen wol sa gau as mooglik by de gasten te krijen.

Trije minsken binne troch ambulânsepersoaniel ûndersocht. Der binne fierder gjin slachtoffers.

In soad reek

Neffens de brânwacht kaam der in soad reek frij yn it gebou. Dat makke it dreech om de brân út te meitsjen. "Er zijn meerdere eenheden opgeroepen, omdat we handjes nodig hebben", liet de brânwacht witte.

Der is in soad reek- en wetterskea yn it hotel. De skea is op de fjirde etaazje it grutst, mar ek op de twadde en tredde etaazje is der wetterskea. Op de hegere etaazjes is ek reekskea.

Foto: CAMJO media
Trefwurden: 
brân WTC Hotel
(Advertinsje)
(Advertinsje)