RIVM: 77 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân

02 okt 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 77 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der fjouwer minder as freed. Doe waarden 81 nije coronabesmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 73 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat trochsneed op 76, in wike lyn op 79.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen sneon op 1.686. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 1.657.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus coronasifers
(Advertinsje)
(Advertinsje)