Motor op tafel yn muzykteäterstik Sulla Strada fan Blau Hynder

In klassike motor spilet in grutte rol yn de nije foarstelling 'Sulla Strada ik heb het niet van jou' fan it muzykteäterselskip Blau Hynder. It stik giet oer oantinkens, tsjinstellingen, ûnmacht en langstme. It spilet him ôf op it Fryske plattelân mei in heit, in folwoeksen dochter en in motor.
Sulla Strada yn Op & Ut
Nei it sukses fan 'Finestra Aperta' is dit de nijste muzikale útdaging fan Blau Hynder. Yn tsjinstelling ta 'Finestra Aperta' is 'Sulla Strada' wol in stik dêr't in soad yn praat wurdt. It in spul tusken wurden en muzyk mei in klassike Enfield-motor as blikfanger.

Bûge of barste?

It ferhaal giet oer in stedsfamke dat beslút yn Fryslân har heit op te sykjen dy't se eins nea kennen hat. Henk Zwart spilet de rol fan de heit en Anouk van Duifhuizen is de dochter. De heit wit dat er deagiet en ferkeapet syn guod. Syn motor moat der ek oan leauwe. Heit en dochter meitsje in roadmovie. Wurdt it bûge of barste?
De heit wennet mei trije bruorren yn ien hûs. Dat binne de muzikanten Anne Zwaga, Richard Veltman en Cajan Witmer. Sy aktearje ek mei. Yn de manljushúshâlding kin in soad. De motor wurdt op in stuit op de tafel riden om him neisjen te kinnen..
Sulla Strada © Els Boekema
De namme fan it stik mei dan 'ûnderweis' betsjutte, it stik wurdt wol opfierd op in fêste lokaasje. Yn de âlde masinefabryk yn Drachten is in spylflak makke fan 20 meter breed by 30 meter djip. Hoe't it rûkt, is in ûnderdiel fan it dekôr. Yn de foarstelling wurdt echt reade koal sean en kofje set, en de motor giet ek echt oan.
Dat kin allegearre by lokaasjeteäter, seit Blau Hynder-lieder Anne Zwaga: "Met locatietheater kun je meer dingen doen, want op een vaste plek kun je uitpakken. Het nadeel is dat je niet bij de mensen langs gaat. Zij moeten naar jou toe komen."
© Byld út foarfilmke Sulla Strada
'Finestra Aperta' en 'Sulla Strada' binne ûnderdielen fan in trilogy. It is de bedoeling dat der noch in stik komt, mar it is noch ûngekend wannear. Yn alle gefallen is freed de premjêre fan de filmyske foarstelling 'Sulla Strada'. It stik is te sjen oant en mei 24 oktober yn de Sluisfabriek yn Drachten.